poortinga
De Br.osjuere fan Poortinga

Nei de ferhuzing nei it fierders prachtige gebou Rozet, en nei de ynfiering fan de saneamde retailopstelling (dat men yn de biblioteekwrâld mar gau weromkomme mei fan dizze Grutte Dwaling), wêrby’st garandearre neat mear weromfine kinst, wienen de fjouwer planken mei Fryske literatuer ynienen ferdwûn út de biblioteek fan Arnhim. Ik moat der fuort by sizze: tagelyk mei it Italiaansk, Poalsk en noch sa wat ‘lytse’ talen dy’t wierskynlik allinnnich noch mar útliend waarden oan in pear sentimintele dwazen-om-utens, hokfoar utens dan ek.

Ik wie dan ek al in skoft lyn ophâlden mei sykje nei Fryske boeken yn de katalogus, dat ik wit net iens mear hoe’t ik der by kaam. It sil wol wer it wûnder fan it tafal en de frije assosjaasje west ha. It duorre wol in lytse ivichheid foardat se it tinne boekje fûn hienen yn it grutte magazyn (it bliek ûnder de Br. fan brosjueres te fallen), mar úteinlik hie ik it dan yn hannen: Preokkupaesje of frije kreativiteit; de ûntwikkeling fan de moderne Fryske literatuer (1915-1965) fan Y. Poortinga, útjefte Nr. 268 fan de Fryske Akademy.

Earst tocht ik allinnich mar: Wat in nostalgy yn it kwadraat: âlde stavering (nee, nóch âlder), Y. Poortinga, deselde fan de tsjokke boeken mei folksferhalen dy’t eartiids by ús thús yn de kast stienen, en dan de al lang fertutearze modernens fan de jierren sechstich fan de foarige ieu, dat sil wol in heech och-heden-hitskes-gehalte ha. De arrogânsje fan wa’t no libbet, en altyd tinkt dat eartiids foarby is.

De sintrale fragen yn de brosjuere binne eins: is it Frysk in folkstaal, en moat it ek net mear wêze wolle, of is it in folsleine kultuertaal (of kin it dat wurde) en moat de Fryske literatuer him mjitte kinne mei de Hollânske en/of ynternasjonale literatuer? En fierders: moat in Frysk skriuwer ek in Frysk ‘beweger’ wêze of kin en moat dat los fan inoar stean? It lykje op it earste each miskien fragen fan eartiids (soe ik hoopje), mar lêzendewei foel my dochs op dat de dielfragen om dizze fragen hinne eins hieltyd wer werom komme, oant hjoeddedei ta.

Ik helje hjir allinnich efkes begjin en ein fan de tekst oan:

‘Jan Jelles Hof hat destiids mei de Jongfriezen gâns ôftsierd oer plak en funksje fan ’e Fryske tael. It Frysk is folkstael, sei Hof hyltyd wer, en neat as folkstael. Wol men der hwat oars fan meitsje, dan giet it der nammensto hurder oan. Douwe Kalma as lieder fan ’e Jongfryske biweging kaem mei it ideael fan it Frysk as folsleine kultuertael. Hof syn stânpunt kin men allinne mar mear wurdearje foarsafier’t der in korrektyf yn sit op ûnforstannich stribjen nei in standert-Frysk, dat losreitsje soe fan syn woartels [BZ: let wol: Poortinga wurke doe oan de Fryske Akademy]; der sit in dúdlike warskôging yn foar nayf optimisme op it stik fan taelsuvering, mar neat-as-folkstael bistiet amper mear yn in tiid dat it folk op elk stuit fan ’e dei biynfloede wurdt fan uteringen fan yntellektuële kultuer.’

En in stikje út it ‘ta bislút’:

‘De kunstner mei dan yn frije kreativiteit syn gong gean, de boekemerk is in saek dy’t de Fryske mienskip oangiet. De skriuwers binne produktyf, mar sille de útjowers dy produktiviteit byhâlde kinne? Lang lizzen bliuwen fan hânskriften makket de auteurs moedeleas.’

In kolofon hat de Br.osjuere net, of it is der útskuord (ik sjoch in plakrâne op de foto fan in treftige Jan Jelles), dat ik wit net krekt it jier fan útjefte, mar it sil om ende by 1965 west ha, net allinnich fanwegen de ûndertitel mar ek as ik nei de jiertallen yn de noaten sjoch. Fyftich jier lyn, en rûchwei tusken de jierren sechtich en njoggentich fan de foarige ieu hat it der wol efkes op like dat der wat feroarje soe, mar as ik tink oan guon diskusjes fan de lêste jierren, bygelyks oer in standert stavering, oer de takomst fan it Frysk as sprek- en/of skriuwtaal, oer de swierrichheden by it útjaan fan Fryske boeken, dan kin ik dochs net hielendal oan de yndruk ûntkomme dat de Fryske literatuer sûnt dy tiid fjouwer stappen foarút en ek wer fjouwer stappen tebek setten hat. Kom op jonges, wêr leit dy planke ek al wer dy’t it mooglik makket om in grutte sprong foarút te meitsjen?

Geef een reactie

Door de site te te blijven gebruiken, gaat u akkoord met het gebruik van cookies. meer informatie

De cookie-instellingen op deze website zijn ingesteld op 'toestaan cookies "om u de beste surfervaring mogelijk. Als u doorgaat met deze website te gebruiken zonder het wijzigen van uw cookie-instellingen of u klikt op "Accepteren" hieronder dan bent u akkoord met deze instellingen.

Sluiten