Sa hie ik it my tocht: wekker wurde yn hotel Loftleidir yn Reykjavik, mei troch it iepen rút it súntsjes rûzjen fan de see. Hinne en werom, hinne en werom. Mar sa is it net. Tusken it hotel en de see leit noch in strook lân: it fleanfjild fan Reykjavik. Dat makket it wol in strategysk plak, dat dan wer wol.

Net dat it hotel no noch Loftleidir hyt, dat wie eartiids sa. Icelandair Hotel Reykjavik Natura hyt it no, wa betinkt soks? Foar my sil it altyd it plak bliuwe dêr’t yn 1972 de skaakmatch tusken Boris Spassky en Bobby Fischer him ôfspile. Ferjit Kuba, ferjit Vietnam, dy match wie it hichtepunt fan de Kâlde Oarloch.

Om te begjinnen kaam er net opdaagjen, Bobby. Tûzenen redenen te betinken, mar ynstee fan dat er fêsthâldt oan syn wegering, liet er him troch Kissinger oerhelje om dochs te kommen. Sa begjint oer it algemien it gedonder: dwaan wat oaren fan dy ferwachtsje, ophâlde te fertrouwen op it eigen kompas.

Dêr kin ik wier ûnwennich fan wêze: dy Kâlde Oarloch, sa ienfâldich as alles doe like. Swart-wyt, as inket op papier. Hiel wat oars as it einleaze wimeljen fan nullen en ienen. De ynset fan wat op dit stuit útfochten wurdt is sa kâld, dêr befrieze de eagen dy fan, ast se ien kear oer de efterkant fan it gelyk gean litten hast.

Op in stuit koe ik it net mear: elke dei nei myn wurk en krekt dwaan of it normaal wie wat wy dêr dienen. Ik liich net as ik it sa siz: wy fielden ús God. Wy wisten Alles fan Elkenien, mar nimmen dy’t dat wist of bewize koe. Wy koenen meitsje en brekke wa’t wy mar woenen. Sa wie it, en sa is it noch altyd, foar safier’t ik neigean kin.

Us wie ynprinte dat wy it dienen foar it Heitelân, foar de Feiligens yn de Wrâld. En ik woe it graach leauwe, it sleat goed oan by myn ynteresses en kapasiteiten, en ik fertsjinne der bakken jild mei. Dus: in lúkse appartemint, in moaie freondin, kollega’s dy’t ek freonen wienen, want dêrbûten moasten wy op ús tellen passe fansels.

Earst tocht ik noch dat ik it binnen De Organisaasje wol oankaarte koe. Nimmen hie it totaaloersjoch, wa koe witte wêr’t wy eins mei dwaande wienen? Mar al rillegau waard my dúdlik makke dat swije ek in wichtige kompetinsje wie. Doe hie ik it earste kontakt mei De Sjoernalist al hân. Ik miende dat ik sels yn de gaten holden waard, krekt lykas Bobby.

Pine yn de bealich hie ik der fan, doe’t ik De Sjoernalist belle en grien ljocht joech om te publisearjen, yn brokken en biten Alles wat ik wist. Alles liet ik achter my doe’t ik ien foet op de ûnderste triem fan de fleanmasinetrep sette. Alles by it âlde litte en it gewisse yn sliep widzje, dat hie ek in mooglikheid west ja.

It wie gjin modern fleanfjild dêr’t ik oankaam, eins die it my wol wat tinken oan de bylden fan Bobby dy’t by in fleanmasinetrep del komt, syn strik fladderet yn de falwyn fan de propellers, hy laket al syn tosken bleat foar de kliber sjoernalisten dy’t op him ôf stowen komt. Behalve dan dat der no net ien sjoernalist te bekennen is.

It is nacht achter de ruten. Ik azemje yn, ik azemje út. Ik hear de see allinnich yn myn eigen earen. Fleanmasines fleane ôf en oan, dat dan wer wol. Reade ljochten, griene ljochten. Neist my op it nachtkastje in flesse wetter en in flesse wodka, helder as glês. Ik azemje yn, ik azemje út. Mear hoech ik no net te dwaan.

Bobby Fischer is yn Reykjavik begroeven. ‘The graveyard also for great unfulfilled hopes,’ sa’t Kasparov, dy oare wrâldkampioen, ris sein hat. Wat as de Held fan it Ferhaal tagelyk in wrâldfrjemde einzelgänger mei abjekte ideeën is? Wat as de Held op it moment suprême mei feart en faasje in dearinnende steech yn dûkt?

Dan giet de tillefoan. Ik hoopje dat it De Sjoernalist is: kom nei Hûs, de Wrâld stiet op ’e kop. Mar oan de oare kant fan de line hear ik in frouljuslûd mei in East-Europeesk aksint. ‘Der steane hjir twa hearen op jo te wachtsjen. Sy sille mei jo sjen hoe lang oft jo op Sjeremetjevo bliuwe kinne sûnder útlevere te wurden. Wolle jo hjirhinne komme? Spassiba.’

Geef een reactie

Door de site te te blijven gebruiken, gaat u akkoord met het gebruik van cookies. meer informatie

De cookie-instellingen op deze website zijn ingesteld op 'toestaan cookies "om u de beste surfervaring mogelijk. Als u doorgaat met deze website te gebruiken zonder het wijzigen van uw cookie-instellingen of u klikt op "Accepteren" hieronder dan bent u akkoord met deze instellingen.

Sluiten