bankje-jpg
Hokker hokje?

Boeken wêryn’t de skieding tusken fiksje en non-fiksje net sa dúdlik is, roppe faak heftige reaksjes op. It skynt sa te wêzen dat de measte minsken it leafst krekt witte wêr’t se oan ta binne: is dit wier bard of net? Punt. Neat gjin fyftich tinten grys. De boeken fan Laurent Binet (sjoch foarige bloch) roppe faak sokke reaksjes op, en yn Nederlân is dat ek gjin ûnbekend ferskynsel, bygelyks by de boeken fan Frank Westerman, in skriuwer dy’t it leafst út de benearjende hokjes fan fiksje en non-fiksje brekke soe, wat him, behalven op in soad lof, ek wolris op krityk komt te stean.

Fan Jan Brokken hearde ik oait, by in gastles literêre non-fiksje, dat er faak pas nei ôfrin bepaalt oft in boek roman of non-fiksje neamd wurde moat, ôfhinklik fan in hiel soad faktoren dy’t gear te fetsjen binne yn de fraach wat krekt de ferhâlding is tusken hurde feiten en needsaaklike ferbylding. Mar wat de skriuwer sels op dit gebiet tinkt of fynt is mar ien fan in hiel soad aspekten dy’t tegearre bepale wêr’t in boek úteinlik yn (digitale of analoge) boekhannel of bibleteek telâne komt, en wêrtroch it faak net maklik is om, ien kear yn it iene of oare hokje pleatst, dêr wer út te kommen.

Ien fan de pyplytse mar bepalende faktoren dêryn is de NUR, de Nederlandse Uniforme Rubrieksindeling, in út in haadrubryk en subrubryk besteande trijesiferige koade (meastentiids te finen by it kolofon) dy’t oanjout wêr’t in boek ynhâldlik thúsheart. De NUR wurdt, meastentiids tagelikertiid mei it oanfreegjen fan it ISBN, bepaald troch de útjouwer. Bygelyks: De graanrepubliek fan Frank Westerman hat NUR 301 (3 foar Literaire fictie algemeen en 01 foar Literaire roman, novelle), wylst Dier Bovendier 508 (Reisverhalen)/680 (Geschiedenis algemeen) hat.

Tafal of net, dit wie tagelyk it lêste boek fan Westerman dat útkaam by Atlas, foardat dizze útjouwerij yn 2012 mei in pear oare útjouwerijen fusearre ta Atlas Contact en Westerman de oerstap makke nei De Bezige Bij, omdat er him te bot yn de non-fiksje hoeke treaun fielde, hoewol’t de útjouwerij dêr tsjinyn brocht dat sy non-fiksje noch altyd as literatuer beskôget. De by deselde útjouwerij ferskinende boeken fan Jan Brokken hawwe yndie wol faak NUR 301, sels in boek as De vergelding, wêrby’t de auteur jierrenlang gearwurke hat mei in ûndersiker en dat neffens in fermelding foar yn it boek op in wier foarfal basearre is.

En dat wylst der sels in aparte rubryk is foar Literaire non-fictie algemeen, nammentlik NUR 320, dêr’t bygelyks it boek oer Bernhard fan Annejet van der Zijl ûnder falt; wêrby’t dan wer opmurken wurde kin dat har boek oer Annie M.G. Schmidt yn de subrubryk 321 falt (Biografieën literaire auteurs) wylst De Amerikaanse Prinses as NUR 301/320 hat (Literaire roman, novelle, resp. Literaire non-fictie algemeen). Blykber wurdt it wurd ‘literêr’ yn literêre non-fiksje noch net serieus genôch nommen nei elk syn sin, wylst wol akseptearre wurdt dat literêre fiksje in ûntychlik soad wierheid/werklikheid/feiten befetsje kin.

Mar ja: wa kin krekt witte wêr ’t, yn hokker boek dan ek, de eksakte line tusken feiten en fiksje rint? Dat is allinnich al ûnmooglik sjoen de ûnderfining dat sawol feiten as fiksje fan no ynhelle wurde kinne troch kennis fan moarn. De technyske mooglikheden dy’t ‘Big Brother’ yn it boek 1984 fan George Orwell ta beskikking steane, binne bernespul fergeleken by wat tsjintwurdich mooglik is, en yn dy sin soe it ek bêst kinne dat de fiksjonele aspekten yn it wurk fan immen as Laurent Binet oer jierren of desennia feiten wurden binne. Dat gegeven falt sels net troch in trijesiferige koade binnen de stokken te hâlden.

Geef een reactie

Door de site te te blijven gebruiken, gaat u akkoord met het gebruik van cookies. meer informatie

De cookie-instellingen op deze website zijn ingesteld op 'toestaan cookies "om u de beste surfervaring mogelijk. Als u doorgaat met deze website te gebruiken zonder het wijzigen van uw cookie-instellingen of u klikt op "Accepteren" hieronder dan bent u akkoord met deze instellingen.

Sluiten