Pers

Resinsjes en ynterviews De koma-korrektor

Resinsje Jelma Knol, Ensafh jiergong 10, nûmer 3 2018, p. 53-54

‘It is krekt dy fûnemintele ûnwissens dêr’t de haadpersoan yn it boek hieltyd mei konfrontearre wurdt en dat makket it boek ynhâldlik sa sterk.’

‘De koma-korrektor is in roman dêr’st noch hiel lang oer neitinke kinst. Sa’n boek jout dy werris it gefoel hoe relevant, ek maatskiplik, literatuer wêze kin.’

Lês de resinsje hjir.

Ynterview Gerbrich van der Meer, Friesch Dagblad, 19 mei 2018

‘Der is noait ien ferhaal oer in barren, der binne altyd mear, betocht ik my. Sa wêzentlik. Troch alle ferhalen op te tellen kinst ta in konsensus komme. Miskien dat dat wol it meast heldere ynsicht jout.’

‘Kinst noait ien feroardiele allinnich omdat hy ta dy of dy partij heart. Stietst ommers net foar in partij oer, mar foar in minske.’

Lês it ynterview hjir.

Resinsje Doeke Sijens, Leeuwarder Courant, 4 mei 2018

‘Fierhinne de meast nijsgjirrige figuur fan de roman – dy’t aldergelokst in soad oan it wurd komt – is Jappy. Hy praat alle ferkeardens fan de oarloch net yn ’t lyk mar hy relativearret de saken bytiden wol.’

Lês de resinsje hjir.

Resinsje Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite, 27 april 2018

‘Al die passages worden vaardig afgewisseld, waardoor de informatie goed gedoseerd verteld wordt en de vaart en de spanning in het verhaal blijven.’

‘Zo weet Zijlstra een mooi ingehouden emotionele toon aan te slaan in de passages waarin de dochter naar haar vader kijkt die in coma ligt.’

‘Maar misschien wel het belangrijkste: zonder dat het er al te dik bovenop ligt, slaagt Zijlstra er heel goed in de parallel uit te werken tussen de beslissing die vader Siemen genomen heeft en de beslissing die Betty uiteindelijk neemt. En ook al kun je je als lezer afvragen hoe dicht je ten slotte bij “de waarheid” komt, de auteur weet in ieder geval een fraai einde te componeren, waarin de verschillende lijnen van het verhaal alleszins bevredigend worden afgewikkeld.’

Lês de resinsje hjir.

Ynterview Hedwig Terpstra, webside Ensafh, 18 april 2018

‘Asto midden yn de rotsoai en ûndúdlikheid sitst dy’t in oarloch  is, dan moatsto kieze op prinsipes en gefoel.’

‘Pas al dy ferhalen byinoar soargje derfoar datsto in bytsje benaderje kinst hoe’t it west hat. Niet ien fan dy minsken hat puer gelyk of puer ûngelyk.’

Lês it ynterview hjir.

Ynterview Sietse de Vries, Leeuwarder Courant, 23 maart 2018

‘De koma-korrektor giet behalven oer it Yndyske aventoer fan in heit ek oer de syktocht fan in dochter nei de wierheid.’

‘In rûn ferhaal is net ynteressant, it binne krekt al dy lytse dinkjes dy’t misgeane dy’t it spannend en dy’t in ferhaal moai meitsje. Dat is it nut fan ferhalen: se foarkomme dat alles as los sân fielt.’

Lês it ynterview hjir.

Ynterview Rynk Bosma, webside De Moanne, 7 maart 2018

‘Ik wol de krêft fan de fiksje brûke foar eigen frijheid. De kadootsjes dy’t je krije fan de werklikheid kombinearje mei de eigen ferbylding, “de wierheid lige”.’

Lês it ynterview hjir.