Nominatie Aan het Woord! Arnhem

KCG (Gelders kenniscentrum kunst en cultuur), Kunstbedrijf Arnhem en Bibliotheek Arnhem, december 2012

   

Nominearre foar Aan het Woord! Arnhem, mei it ferhaal Duet.

Ut it sjueryrapport (oerset):
Duet fan Baukje Zijlstra is in earnstich ferhaal: oer in dochter dy’t har heit noch nei syn dea kennen leare wol en oer wat der by de polisjonele aksjes yn Nederlânsk-Indië bard is. De stimmen fan dochter en heit wikselje mekoar ôf.

Sa’n ferhaal kin maklik swier of sels larmoyant wurde, mar de skriuwster hat dy falkûlen mijd. Se hat de opbou fan it ferhaal strak hâlden en har sobere styl soarget foar helderheid. […]

By it sjuery-oerlis die bliken dat it ferhaal maklik assosjaasjes opropt mei oare foarbylden fan foarfallen yn Nederlânsk-Indië. Dat betsjut dat it ferhaal sa oannimlik is, dat it as fansels ferbûn wurdt mei de wurklikheid.

Publykspriis Indische Bladzijde

Indisch 3.0, maart 2013

Mei 70% fan de stimmen de publykspriis fan Indische Bladzijde wûn, in skriuwwedstriid mei it boekewiketema fan 2013
‘Gouden tijden, zwarte bladzijden’, mei it ferhaal Grenadine.

Sjueryfoarsitter Eveline Stoel (yn oersetting):
“Trije ferhalen dy’t je, elk fan in oar fertelperspektyf út, tichtby de Nederlânsk-Yndyske skiednis bringe. We sjogge […]
in Hollânsk famke dy’t ûntdekt dat net allinne har Yndyske buorlju, mar ek har eigen heit in Yndyske skiednis hat.
Feitlik binne it trije mini-skiednisleskes. Knap opboude ferhalen, mei gouden én swarte rântsjes.”

Seleksje 25 bêste ferhalen Gouden tijden, zwarte bladzijden

dewebschrijvers.nl / CPNB, maaie 2013

Foar de ferhalewedstriid yn it ramt fan it boekewiketema fan 2013 ‘Gouden tijden, zwarte bladzijden’ hat Abdelkader Benali
út 350 ynstjoerings de 25 bêste ferhalen keazen, wêrûnder it ferhaal Sporen. De bondel is hjir online te lêzen en is ek yn
beheinde softcover oplage produsearre.

Ut it sjueryrapport (oerset):
De ferskillende lagen yn dit ferhaal meitsje it tige spannend om te lêzen. It ropt fragen op oer wierheid en oantinken.

En hoe’t in lyts detail út it ferline jierren letter foar immen noch sa’n soad útmeitsje kin.

Mei de felisitaasjes fan Abdelkader Benali:

{youtube}Ola-yOk8HAs{/youtube}

3e priis Schrijf je Straat #6

Schrijvers uit Oost, maaie 2013

De sechsde edysje fan ‘Schrijf je Straat’ fan Schrijvers uit (Amsterdam) Oost hie it tema ‘Water in Oost’. De tredde priis wie
foar it ferhaal Vaarwel.

Ut it sjueryrapport (oerset):
De tredde priis is foar Baukje Zijlstra mei har ferhaal Vaarwel. Ut it ferhaal, dêr’t in wenboat yn ferlitten wurdt, sprekt in grutte urginsje. Ek de flotte styl nimt de lêzer mei. It ein bleaun wat geheimsinnich.

Rely Jorritsma Priis 2013

Gemeente Littenseradiel / Rely Jorritsma Fûns, juny 2013

Foar it ferhaal Skrabje haw ik in Rely Jorritsma Priis wûn. De útrikking wie op sneon 5 oktober 2013 yn it tsjerkje fan Bears.

 

Ut it sjueryrapport:

De tekst hat in goed ritme en is skreaun yn moaie, berêstende taal. De futuristyske setting mei honger en ûntploffings fierderop is net forsearre en rint ek net út op ûnbegryplike fantasy. Krekt it konkrete hanneljen fan de frou yn de hjerst fan har libben jout it ferhaal in grutte sizzingskrêft. Dêrby wit de skriuwster de geheimsinnige sfear goed te bewarjen.

Ferhaal en sjueryrapport binne te lêzen yn it spesjale Rely Jorritsma-nûmer (jiergong 5, nûmer 4 2013) fan it literêre tydskrift Ensafh.

1e priis Oersetwedstriid by de Gysbert Japicx-nominaasjes 2013

Tresoar + Ryksuniversiteit Grins, ôfdieling Frysk, septimber 2013

By de nominaasjes foar de Gysbert Japicxpriis hie Tresoar tegearre mei de ôfdieling Frysk fan de Ryksuniversiteit Grins in oersetwedstriid útskreaun. Ik haw de earste priis wûn foar de oersetting út it Frysk nei it Nederlânsk fan it gedicht ‘De gongen [3]’ fan Eeltsje Hettinga, út de bondel Ikader.

Ut it sjueryrapport:

De prachtige sfear dy’t Hettinga opropt bliuwt hielendal bewarre. As Hettinga it oer risseljend wylgeguod hat, ha de measte oersetters it oer ritselende wilgentakken of sa. De winner net, dy nimt it folle treffender ruisend wilgenblad, wat it lûd fan risseljen folle better werjout as ritselen. […]

In fynst fûn de sjuery de oersetting fan de rigels: Boppe wetter lis ik útteld / yn dûnkere ierde. Dêr hat de oersetter fan makke: Boven water lig ik gevloerd / in donkere aarde. Gevloerd dus, wylst as goed as alle oare oersetters frij letterlik ‘uitgeteld’ oerset ha. Gevloerd foeget hjir lykwols echt wat ta.

 

Geef een reactie

Door de site te te blijven gebruiken, gaat u akkoord met het gebruik van cookies. meer informatie

De cookie-instellingen op deze website zijn ingesteld op 'toestaan cookies "om u de beste surfervaring mogelijk. Als u doorgaat met deze website te gebruiken zonder het wijzigen van uw cookie-instellingen of u klikt op "Accepteren" hieronder dan bent u akkoord met deze instellingen.

Sluiten