Haadyngong begraafplak Rustoord
Haadyngong begraafplak Rustoord

It wie in grize en kâlde dei, sa’n dei wêrop it maklik is dy net hielendal thús te fielen yn de wrâld. By my fertaalt him dat dan faak yn: wannear sille we werom ferhúzje nei Fryslân? De alderleafste fersuchte: ‘Der is foarearst gjin inkele reden wêromsto hjir net dwaan kinst watst oars yn Fryslân dwaan soest. Sels Rely Jorritsma hat hast syn hiele libben yn Nijmegen wenne.’ De alderleafste sit fol mei weetsjes dêr’t ik gjin weet fan haw, mar efkes tsjekke op Wikipedy en ja hear, hy hie wol gelyk.

Yn 1922, doe’t Rely 17 jier wie, binne syn âlden nei Nijmegen ferhuze en fan dat stuit ôf hat ek Rely benammen dêr wenne, in pear sydpaden yn Arnhim, Utert en Antwerpen dêr litten. Doe’t er siik waard hat er noch in skofte yn ‘Klein Jagtlust’ yn Oranjewâld sitten, it plak dêr’t op 8 maart 1951 ek syn testamint opsteld is, mar úteinlik is er, op 47-jierrige leeftiid noch mar, ferstoarn yn Ressen (tusken Arnhim en Nijmegen) en is er begroeven op Rustoord yn Nijmegen.

Al lêzend fielde ik my ynienen suver wat besibbe oan dizze man, net iens fanwege de Rely Jorritsma-prizen, mar mear fanwege it wat swalkjende bestean en it feit dat er it yn it learende en wurkjende libben op de measte plakken heechút ien of twa jier folhâlden hat. Op in stuit hat er it plan opfette om nei Ierlân ta, en skriuwt er yn syn deiboek: ‘Mijn plan staat vast om als kunstschilder naar Ierland te gaan en in de kleuren van Erin te schilderen, hetgeen mij gelukken zal. En dat zal mijn bestaan zijn, dan heb ik Friesland niet meer nodig.’ Ja, ek dat: it altyd longerje nei Fryslân, mar yn alle earlikens tajaan moatte datst ek dêr noait rjocht dyn draai fûn hast.

Dat komt my allegear wol bekend foar, miskien krekt wat minder ekstreem, mar dat hat wierskynlik ek te krijen mei it ferskil tusken ús beiden dat ik net út in begoedige famylje kom; at der gjin bôle op ’e planke komme moatten hie, dan hie ik fêst noch folle mear sprongen yn it tsjuster makke. Ik fiel sympaty foar dizze man dy’t sa te lêzen wat moais oan de wrâld tafoegje woe, mar der net hielendal útkaam hóe. Reden genôch om op de earste de bêste moaie hjerstdei yn de auto te stappen, op nei Nijmegen.

Rustoord is in sa’t it liket hast organysk ûntstien, parkeftich begraafplak mei kringelpaden en oerhingjend beammeguod. We hienen in plattegrûn krigen en it ‘adres’ fan it grêf – ôfdieling Marters, Boommarter 21, foar wa’t tafallich in kear yn Nijmegen is – mar lokkich woe ien fan de meiwurkers wol efkes mei ús meirinne, oars hienen we it miskien wol noait fûn, ek omdat de stien bedekt wie mei skitterjend oranje-giele hjerstblêden. Foarsichtich fagen we dy dêrôf (yn de rige efter ús wienen twa mannen dwaande alles oan te feien, mar yn dizze tiid fan it jier freget dat wol in tige relativearjende zen-ynstelling) en dêr stie it, ûnder de nammen en data fan syn heit en mem: Aurelius Hotze Theodorus JorritsmaJellum, 11 febr. 1905 – Ressen-Nijmegen, 1 okt. 1952Stifter fan it Rely Jorritsmafouns. Hy lei op in moai plakje yn it hjerstsintsje dat har noch krekt tusken de tûken troch wrotte koe.

Dat fyn ik meastentiids it dûbele fan begraafplakken: it hat wat spesjaals, in bysûndere atmosfeer yn alle gefallen, mar tagelikertiid makket it ekstra dúdlik dat de persoan sels der net mear is. As Rely no noch efkes om in hoekje sjen koe, soe er dan tefreden west ha mei wat er neilitten hat? ‘Het doel van de stichting is het bevorderen van de Friese letterkunde’, sa’t yn it testamint skreaun stiet. Dat is yn alle gefallen útkommen, en dat non-stop fan 1954 ôf (wêrom’t we dit jier dan de 61ste útrikking hienen, moatte jim sels mar efkes neilêze yn ‘Myn sang is fan it âlde hûs’). Ik soe sizze: jou dy mar noflik del Rely, der bliuwt altyd wat oer dat wol slagge is.

Famyljegrêf fan Rely Jorritsma en syn âlden
Famyljegrêf fan Rely Jorritsma en syn âlden

Geef een reactie

Door de site te te blijven gebruiken, gaat u akkoord met het gebruik van cookies. meer informatie

De cookie-instellingen op deze website zijn ingesteld op 'toestaan cookies "om u de beste surfervaring mogelijk. Als u doorgaat met deze website te gebruiken zonder het wijzigen van uw cookie-instellingen of u klikt op "Accepteren" hieronder dan bent u akkoord met deze instellingen.

Sluiten