Earst hienen se teminsten noch tegearre west. De krisis bruts al jierren alles ôf dêr’t se mei grutbrocht wienen, mar tegearre kamen se noch in aardich ein. Ek neidat Jaap en sy beide harren baan kwytrekke wienen, wie der altyd noch wol earne in putsje te dwaan, yn ’t earstoan foar in pear moanne, letter foar in pear wiken of sels dagen. Tsjin dy tiid wienen se wol wend om fan in lyts bytsje rûn te kommen, en se hienen de grientetún fansels.

It is maitiid, mar dit jier is der net al te folle libben yn de tún. Krekt of is de natuer sels der mei ophâlden, of is de grûn skraal wurden. Wat der noch groeit komt mar stadichoan op en fûgels heart se amper. Lokkich is de sinne al aardich waarm, de strielen streakje har fingers wylst se tusken de túndoarren de lêste winterwoartel sit te skrabjen. Under har hannen wurdt it fleurige oranje streekje foar streekje sichtber.

Dat hie it lêste grapke fan Jaap west, de dei foar de troanswiksel. Hja wienen oars beide net fan de oranje-snypsnaren, mar no hie er wat fûn dat hast net mear te krijen wie: katoen. Dat is te sizzen: oranje katoen. De kleur stie har net, dat wist er wol, mar it wie mear as genôch om in jurk fan te meitsjen, in galajurk hie ek noch wol kinnen. Dyselde jûns hie se wat byinoar flânze op de âld naaimasine dy’t se fan souder helle hie.

Se hâldt efkes stil om har hannen ris goed te besjen. Eartiids wie se der sa grutsk op, wol hast it moaiste stikje fan har liif. Lange, slanke fingers mei pearelmoeren neils, de hânpalmen sa sêft as side, gewoanwei makke om oer it strakke fel fan Jaap syn bleate rêch te kuierjen, op en del en wer werom. En moast no ris sjen: rourânen ûnder de brutsen neils, har hûd sa rûch as tou en fol mei tearen, hast de hannen fan in âld wyfke.

Uteinlik wie der noch in stikje stof oer. Mei syn earms fan efteren om har hinne slein hie er foarsteld dêr in boesgroentsje foar him fan te meitsjen. Se hie lake, sa’n ferhurde republikein, dy hâldt it net iens fol om in hiele dei in oranje boesgroentsje te dragen. Se hienen wedde, wedde om in flesse oranjebitter. Wêr’t dy weikomme moast wie fan letter soarch. Se hie lake, om de ûnrêst yn har mage net te fielen.

Hiel yn de fierte heart se in ûntploffing. Yn ’e rin fan de moannen is it in gewoan eftergrûnlûd wurden, te ferlykjen mei it gerommel fan in jiskewein, al ried dy al lang net mear, of it dinderjen fan in trein, ek in seldsum lûd hjoed de dei. Wat binne der eins in soad lûden dy’t oait behang wienen by in gewoan libben, mar dy’t je no noait mear hearre. Wat is dêr eins foar yn ’t plak kommen, behalve de ûntploffings?

Yn it begjin hienen se der noch oerstjoer fan west. Yn harren âlde wrâld hearde it lûd fan ûntploffings miskien by âldjiersjûn, mar grif net by in wurkdei troch de wike of in lunch op snein, mei freonen yn ’e stêd. Se hienen noch mazzel hân, dat it altyd in lûd yn ’e fierte wie, de tellen tusken it wjerljocht en de tonger ynienen fan libbensbelang. Mar de freonen wienen se likegoed kwytrekke, letter.

De tillefoan giet. Troch de skok gjalpet der in fluts wetter oer de râne fan de panne op har skoat. Al jierren hat se in gloeiende hekel oan dat ding, noch foardat der benammen min nijs trochhinne kaam. Om har kin it wol ôfsluten wurde, mar Jaap woe dêr neat fan witte, en no bliuwt it der hieltyd by. Der wurdt noch mar sa’n bytsje belle, se wie al hast fergetten dat de tillefoan der noch wie. Dat kin neat belangryks wêze.

It gie allegear sa stadich dat it faak efkes duorre foardat se yn ’e gaten hienen dat der wer wat feroare wie. Earst wienen dêr de emigranten, de minsken dy’t der skjin harren nocht fan hienen en in manier fûnen om de grins oer te gean. Der waard flústere dat dêr in soad jild oan te pas kaam, mear ûnder as boppe tafel. Gjin wûnder dat dêr noch net in soad fan harren freonen by wienen, sjoen de mentaliteit en de likwide middels.

Ynienen hat se har nocht derfan, sa’n leven as dat ding makket. Of soe it Jaap wêze kinne? Lytse kâns nei al dy tiid. Syn mobyl hat er yn alle gefallen net mear, dy gong it earst de doar út doe’t se it hieltyd suniger oan dwaan moasten. Boppedat: mei sa’n apparaat yn ’e bûse wit eltsenien wêrst úthingest, wa sit dêr no op te wachtsjen? Har eigen hat se al in tiid ferlyn begroeven, yn it park foar de ûnbekende soldaten; dat binne der in hiel soad.

Doe’t de grinzen úteinlik hermetysk ticht sieten, wie der in groep dy’t in inerlike emigraasje ûndernaam, dejingen dy’t it geastlik net mear oankoenen of it jild net mear hienen foar in sosjaal libben. Dêr siet al in aardich wat grutter part fan harren freonen by. De kop yn it sân, dat paste ek wol by harren generaasje. Of wie se no te hurd yn har oardiel? As de need it heechst is…

Klear dermei, de stekker giet der út. Se bûgt har foaroer om de panne mei wetter op ’e grûn te setten, mar at se út dy hâlding wei rimpen oerein komt, wurdt it har ynienen swart foar de eagen. Se grypt it bekling fan de houten keukenstoel fêst. Dit hat se noch net earder meimakke, foar alles is der in earste kear. Fitaminetekoart, dat sil it wol wêze. Mar as sa’n smoarge lawaaiferkeaper tinkt dat er har de baas kin, dan hat er it al mis.

Op in stuit waard it ploechje minsken om harren hinne wol hiel lyts. Jaap en sy fûteren der wolris wat yn om, dat elkenien allinnich noch mar oandacht hie foar it eigen lytse libben, dat freonskip ek neat mear foarstelde, of mienskipssin, noch sa’n dinosaurus. Skrabje om iten en dan op ’e bank sitte, wie dat no it heechste doel? Dat der ek ûnfrijwillich minsken ferdwûnen, dat woe earst mar min trochkringe.

It is wer stil yn hûs, sa stil dat se har eigen hert klopjen heart. Skrgg, skrgg, skrgg, net klopje mar skrabje, dêr wurdt se rêstich fan. It libben makket har te gau âld sûnt Jaap der net mear is. Se is te wurch om eltse dei mar wer te betinken wat no wer te iten, te traach om oaren foar te wêzen by de hanneltsjes dy’t hjir en dêr yn de stêd de kop opstekke, te dof om de ierappels de grûn út te sjen. Dit is har lêste woartel.

Mei de troanswiksel hie se de hiele dei Jaap syn boesgroentsje yn ’e rekken hâlden. Dat foel noch net ta, tusken al dat oranje. Mar wat hie dy gek dien? Mei in swarte stift hie er op ’e rêch en op it boarstbûske in pear snorhieren tekene mei twa grutte tosken derûnder. Se hie frege wêr’t dat no wer op sloech, ivich skande om sokke kostbere stof nei de barebysjes te helpen. Nearne op, hie er antwurde, mar dan kinst my altyd wer werom.

Tusken de ierappels sjocht se ynienen wat bewegen. It giet roef roef, sit efkes stil, sjocht har mei dûnkere kraaleachjes oan, wer roef roef en dan is it fuort: in fjildmûske liket it har ta, of is it dochs wat grutters? Se glimket. Mei in bytsje fantasy sjocht se Jaap syn gesicht yn it noch net skrabbe diel fan de woartel, syn krekt wat brike noas, de brede mûle en twa dûnkere eagen dy’t har warskôgjend oansjogge. Dat makket se der no fan: warskôgjend.

It wie drok op strjitte, sa drok hie it yn tiden net mear west. Soms wie se bang dat se him út it each ferlern hie, mar it duorre meastentiids net lang of dêr kaam it oranje boesgroentsje mei de snorhieren en tosken wer har kant op. Meastentiids, behalven op ’e ein fan dy dei. Hoe’t se ek om har hinne seach, har eagen boarjend yn it skimertsjuster, yn al it oranje fûn se syn boesgroentsje net werom; Jaap wie fuort en hy bleau fuort.

Moat it no wier sa lang duorje om ien woartel te skrabjen? Fansels, it moat tin, miskien kin se der dan noch wol twa dagen fan ite. Mar dan noch, se liket wol net goed wiis. Hieltyd mar wer dy tinzen dy’t ôfdwale. Soe dat dochs fan it minne iten komme, dat se net mear goed neitinke kin, har net mear konsintrearje kin? En dan te betinken dat se yn in foarich libben korrektrise west hat, wat oeren oanien djippe konsintraasje ferget.

It earste dat se die doe’t se dy jûns allinne thúskaam, wie de doar op ’t slot en alle gerdinen ticht. Se wist net wat Jaap útheefde, dy deis of wa wit hoe lang al, mar de minsken dy’t samar ferdwûnen dêr wie wat mei, dat wist se wol. It koe fan alles wêze: swarte hannel, sabotaazje, jild bydrukke, mar by gjin fan dy dingen koe se har Jaap foarstelle. Miskien wie it dochs wier wat de minsken gruten: wie samar soms écht samar.

De sinne is al sa fier opskood dat de strielen net mear tusken de túndoarren falle, mar harren fierderop oer de túnmuorre fan de buorlju flaaikje. Ynienen is it in stik tsjusterder wurden. Se fernimt no pas dat se it kâld hat, sels in bytsje ferklûme is. It is ek noch mar iere maitiid, in pear dagen ferlyn frear it noch oan ’e grûn, wat docht se ek hjir yn de iepen doar te sitten. Kjeld op ’e lea, dat is wol it lêste wat se no brûke kin.

Eartiids hienen se de gerdinen eins noait ticht, Jaap hâlde der net fan, mar no’t se foar it earst allinne wie hie se it gefoel dat it swarte gat efter de ruten har oangappe. Doe’t se yn de efterkeamer de gerdinen foar de túndoarren tichtluts, foel der wat fan de gerdynrails ôf op ’e grûn. Miskien hie it dêr al in wike lein, of in moanne, of in jier. Se pakte it foarsichtich op: it wie in mûzefalle, in grutte oranje mûzefalle.

De foardoarsbel galmet troch de gong. Deastil sit se op har stoel. It wetter drupt fan har fingers yn de panne op har skoat, de skilferkes fan de winterwoartel dreauwe op it oerflak as hjerstbledsjes yn it rioel. Efkes mar ljochtet der wat op yn har eagen. Nee, fansels net, dat is waansin, no net de realiteit út it each ferlieze. Dapper glimket se nei de woartel yn har hannen. Se docht de doar net iepen.

Geef een reactie

Door de site te te blijven gebruiken, gaat u akkoord met het gebruik van cookies. meer informatie

De cookie-instellingen op deze website zijn ingesteld op 'toestaan cookies "om u de beste surfervaring mogelijk. Als u doorgaat met deze website te gebruiken zonder het wijzigen van uw cookie-instellingen of u klikt op "Accepteren" hieronder dan bent u akkoord met deze instellingen.

Sluiten