Oer it hynder

Datst moarns wekker wurdst en dysels ôffregest: hoefolle hynders soene der eins sneuvele wêze yn de Earste Wrâldoarloch? Datsoarte fan fragen, ja, dêr kin ik wat mei. Dat sykje ik dan út, en dêr komt dan in sifer út. Mar de Flewielen Revolúsje? Wat wolst dêr dan fan witte? It is foar dyn stúdzje skiednis, dat hiest al sein oer de tillefoan ja. Mar as ik efkes hiel earlik wêze mei: it is ivich skande dat sa ’n moai fanke as do mei har noas yn de boeken sit. Gean nei bûten en libje! Dat is it iennichste advys dat ik dy jaan wol.

Lees meer of lês mear