Ik haw keazen

Hast in jier lyn begûn ik te wurkjen yn in mear as fulltime baan op oardel oere reizigjen fan myn hûs. Dat betsjutte wurkdagen fan minimaal tolve oeren, in grimmitigens/bewûnderings-relaasje mei de NS en wykeinen dy’t yn it bêste gefal opgienen oan útteld op de bank lizze.
Yn earsten wie ik bliid: midden yn de krisis hie ik in fêste baan fûn by in fertroude útjouwerij mei in moai fûns, in wier wûnder. Ik hie der alles foar oer om dy baan te hâlden, tocht ik. It wie bygelyks de bedoeling nei it midden fan it lân te ferhúzjen.

Lees meer of lês mear