Fryske-boeken-om-utens yn alle biblioteken

Earste oanlis, twadde thús.

Earste oanlis, twadde thús.

Al fan myn fjirde jier ôf bin ik lid fan de iepenbiere biblioteek, sûnder ûnderbrekking. Ien fan myn sussen naam my mei nei de biblioteek yn Dokkum en der gie in wrâld, wat sis ik, in paradys foar my iepen. Doe’t ik de bernebiblioteek út hie, koe ik sûnder mankearjen oerstappe nei de folwoeksenenôfdieling. It wienen de jierren santich, de ferbylding wie (hiel efkes) oan de macht, dat gjin bibliotekaris dy’t der oait wat fan sein hat.

Sels doe’t ik myn earste printeboek mei kerseread potlead ûnderkrast hie – sa neamden se dat, mar ik wie derfan oertsjûge dat ik der allegear wichtige wurden by skreaun hie, want ik hie doe ek al yn ‘e gaten: in boek sûnder wurden, dat is net it echte wurk – hoechden we gjin boete te beteljen. Dat ja, wêr’t ik letter ek wenne yn de wrâld – yn Ljouwert, Brussel, Londen, Amsterdam of Arnhim – myn earste gong wie altyd nei de biblioteek, myn twadde thús.

As ik der no op weromsjoch, dan hie it ek net oars kinnen. Ik keapje graach boeken, it is sawat it lêste dat skrast wurdt yn tiden dat der besunige wurde moat, mar as ik alle boeken dy’t ik yn myn libben oant no ta lêzen ha, kocht hawwe soe, dan hie ik A) al ik wit net hoe faak fallyt west en B) wienen we al lang troch de flier fan ús appartemint sakke. Dus, útsein dy freeslike retailopstelling dêr’t ik it yn myn foarige blog al oer hie: oer de biblioteek neat as goed.

No is it wat my oangiet mei Fryske boeken krekt sa as mei Nederlânske of Ingelske boeken: sommige wol ik lêze en hawwe, oare hoech ik allinnich mar te lêzen mar net perfoarst te hawwen. Dêrom fyn ik it sa jammer dat de Fryske boeken ferdwûn binne út de biblioteek fan Arnhim, en dat sil net it iennichste plak bûten (en binnen?) Fryslân wêze dêr’t de planken fold wurde mei boeken dy’t blykber faker útliend wurde.

Ik moat der wol by sizze: der kamen net sa faak – sis mar noait – nije boeken by, dus dat hat ek net echt holpen om it in súkses te meitsjen. Sa kaam ik op it folgjende idee: soe it net mooglik wêze om in rûnreizigjende biblioteek binnen de iepenbiere biblioteken te kreëarjen, mei sawol Fryske klassikers as de nijste boeken, dy’t rûlearje tusken alle plakken dêr’t in aardige Frysktalige ‘koloanje’ oanwêzich is, bygelyks stipe troch in app, webside en/of nijsbrief, sadat Frysk proaza, poëzy en non-fiksje ek bûten Fryslân beskikber komt/bliuwt?

Fansels binne der ek noch de e-boeken, dy’t it hielendal maklik meitsje om oeral alles te lienen, mar dêr sitte noch wol wat heakken en eagen oan. Om te begjinnen binne in soad Fryske titels (noch?) net as e-boek te krijen, en fierders binne der noch in soad fragen oer de befeiliging tsjin piraterij (dy’t foarearst net sa súksesfol liket) en de fergoedingen foar skriuwers en útjouwerijen. De útspraak fan it Europees Hof fan in pear wike ferlyn (sjoch bygelyks BoekbladNu.nl en de webside fan Rian Visser) is earder it begjin fan in oplossing foar dy fragen as it ein derfan.

Boppedat: sels lês ik noch altyd leaver papieren boeken as e-boeken (en oan de ferkeapsifers fan beide te sjen bin ik lang net de iennichste foar wa’t dat sa is). De e-reader haw ik eins allinnich noch mar mei op fakânsje, en dan foaral as it in fakânsje fier fuort sûnder auto is. De tiid dat ik, razend entoesjast oer it lêsgenot fan it e-inkskerm, de Essays fan Michel de Montaigne foar 49 euro (!!!) – no foar 99 sint te krijen: yn digitale foarm krijt alles úteinlik de wearde fan gebakken lucht – as e-boek oanskafte, omdat ik dan altyd wat te lêzen hawwe soe dat de muoite wurdich wie, as de trein wer ris te let wie of hielendal net mear kaam, leit al wer moai wat jierren achter ús.

Mar goed: ik sil dochs net de iennichste bûten Fryslân wêze dy’t ek wolris Fryske boeken liene wol? (Ik jou ta: gefaarlike fraach.) Soe dat net machtich moai yn de tiidgeast passe: gewoan lekker thús, allinnich mei in boek op de bank, dy hartstikkene Fries fiele? Moaie bykomstichheid foar de skriuwers is ek noch dat de LIRA-ynkomsten wer ris wat omheech gean ynstee fan altyd mar yn de bedelte. Oké, miskien dat it twa itentsjes it jier opsmyt ynstee fan ien, mar alle lytse bytsjes binne meinommen. Dus: wêr is dy topper út de biblioteekwrâld dy’t net foar ien gat te fangen is en dit noch fóár 2018 op de rails set? Dan kin dêrnei it hiele lân derfan meigenietsje.