Prijzen

Rely Jorritsma Priis 2016

Gemeente Littenseradiel / Rely Jorritsma Fûns, oktober 2016

dscf1519

It ferhaal Nacht hat in Rely Jorritsma Priis takend krigen. De útrikking wie op sneon 1 oktober 2016 yn Weidum.

Ferhaal en sjueryrapport binne te lêzen yn it spesjale Rely Jorritsma-nûmer (jiergong 8, nûmer 5 2016) fan it literêre tydskrift Ensafh.

Rely Jorritsma Priis 2015

Gemeente Littenseradiel / Rely Jorritsma Fûns, oktober 2015

It ferhaal Oer it hynder hat in Rely Jorritsma Priis takend krigen. De útrikking wie op sneon 3 oktober 2015 yn Weidum.

  

Ferhaal en sjueryrapport binne te lêzen yn it spesjale Rely Jorritsma-nûmer (jiergong 7, nûmer 5 2015) fan it literêre tydskrift Ensafh.

3e priis Ferhalewedstryd 2015

It Skriuwersboun / Friesch Dagblad / Omrop Fryslân, maart 2015

It koarte ferhaal MatCh hat de 3e priis wûn yn de Ferhalewedstryd 2015 fan It Skriuwersboun, Friesch Dagblad en Omrop Fryslân. It ferhaal is sneon 11 april 2015 publisearre yn it Friesch Dagblad.

Ut it sjueryrapport:

In ferhaal oer in klokkelieder […]. Orizjineel is de ferliking mei de ferneamde skaakwedstriid op IIslân yn 1972 tusken Fischer en Spasski. It ferliezen fan jins yllúzjes spilet ek mei: faaks sil de klokkelieder yn it lân fan bestimming net mear wêze as in skaakstik, dat opoffere wurde kin. In orizjinele setting, aktueel tema, linich skreaun.

Rely Jorritsma Priis 2013

Gemeente Littenseradiel / Rely Jorritsma Fûns, oktober 2013

It ferhaal Skrabje hat in in Rely Jorritsma Priis takend krigen. De útrikking wie op sneon 5 oktober 2013 yn Bears.

 

Ut it sjueryrapport:

De tekst hat in goed ritme en is skreaun yn moaie, berêstende taal. De futuristyske setting mei honger en ûntploffings fierderop is net forsearre en rint ek net út op ûnbegryplike fantasy. Krekt it konkrete hanneljen fan de frou yn de hjerst fan har libben jout it ferhaal in grutte sizzingskrêft. Dêrby wit de skriuwster de geheimsinnige sfear goed te bewarjen.

Ferhaal en sjueryrapport binne te lêzen yn it spesjale Rely Jorritsma-nûmer (jiergong 5, nûmer 4 2013) fan it literêre tydskrift Ensafh.

1e priis Oersetwedstriid by de Gysbert Japicx-nominaasjes 2013

Tresoar / Ryksuniversiteit Grins, ôfdieling Frysk, septimber 2013

By de nominaasjes foar de Gysbert Japicxpriis hie Tresoar tegearre mei de ôfdieling Frysk fan de Ryksuniversiteit Grins in oersetwedstriid útskreaun. Ik haw de earste priis krigen foar de oersetting út it Frysk nei it Nederlânsk fan it gedicht De gongen [3] fan Eeltsje Hettinga, út de bondel Ikader.

Ut it sjueryrapport:

De prachtige sfear dy’t Hettinga opropt bliuwt hielendal bewarre. As Hettinga it oer risseljend wylgeguod hat, ha de measte oersetters it oer ritselende wilgentakken of sa. De winner net, dy nimt it folle treffender ruisend wilgenblad, wat it lûd fan risseljen folle better werjout as ritselen. […]

In fynst fûn de sjuery de oersetting fan de rigels: Boppe wetter lis ik útteld / yn dûnkere ierde. Dêr hat de oersetter fan makke: Boven water lig ik gevloerd / in donkere aarde. Gevloerd dus, wylst as goed as alle oare oersetters frij letterlik ‘uitgeteld’ oerset ha. Gevloerd foeget hjir lykwols echt wat ta.

Selectie 25 beste verhalen Gouden tijden, zwarte bladzijden

dewebschrijvers.nl / CPNB, mei 2013

Voor de verhalenwedstrijd in het kader van het boekenweekthema van 2013 ‘Gouden tijden, zwarte bladzijden’ heeft Abdelkader Benali uit 350 inzendingen de 25 beste verhalen gekozen, waaronder het verhaal Sporen. De hele bundel is hier online te lezen en is ook in beperkte softcover oplage geproduceerd.

Uit het juryrapport:

De gelaagdheid maakt dit verhaal erg spannend om te lezen. Het roept vragen op over waarheid en herinnering. En hoe een klein detail uit het verleden jaren later voor iemand nog zoveel uit kan maken.

Met de felicitaties van Abdelkader Benali:

3e prijs Schrijf je Straat #6

Schrijvers uit Oost, mei 2013

De zesde editie van ‘Schrijf je Straat‘ van Schrijvers uit (Amsterdam) Oost had het thema ‘Water in Oost’. De derde prijs was voor het verhaal Vaarwel.

Uit het juryrapport:

De derde prijs is voor Baukje Zijlstra met haar verhaal Vaarwel. Uit het verhaal, waarin een woonboot wordt verlaten, spreekt een grote urgentie. Ook de vlotte stijl neemt de lezer mee. Het einde bleef wat geheimzinnig.

Publieksprijs Indische Bladzijde

Indisch 3.0, maart 2013

Met 70% van de stemmen de publieksprijs van Indische Bladzijde gewonnen, een schrijfwedstrijd met het boekenweekthema Gouden tijden, zwarte bladzijden‘, met het verhaal Grenadine.

Juryvoorzitter Eveline Stoel:

“Drie verhalen die je, ieder vanuit een ander vertelperspectief, dichtbij de Nederlands-Indische geschiedenis brengen. We zien […] een Hollands meisje dat ontdekt dat niet alleen haar Indische buren, maar ook haar eigen vader een Indische geschiedenis heeft. In feite zijn het drie mini-geschiedenislesjes. Knap opgebouwde verhalen, met gouden én zwarte randjes.”

Nominatie Aan het Woord! Arnhem

KCG (Gelders kenniscentrum kunst en cultuur) / Kunstbedrijf Arnhem / Bibliotheek Arnhem, december 2012

   

Genomineerd voor Aan het Woord! Arnhem, met het verhaal Duet.

Uit het juryrapport:

Duet van Baukje Zijlstra is een ernstig verhaal: over een dochter die haar vader nog na zijn dood wil leren kennen en over wat er tijdens de politionele acties in Nederlands-Indië is gebeurd. De stemmen van dochter en vader wisselen elkaar af. Zo’n verhaal kan gemakkelijk zwaar of zelfs larmoyant worden, maar de schrijfster heeft die valkuilen weten te vermijden.

Ze heeft de opbouw van het verhaal strak gehouden en haar sobere stijl zorgt voor helderheid. […]

Tijdens het jury-overleg bleek dat het verhaal gemakkelijk associaties oproept met andere voorbeelden van gebeurtenissen in Nederlands-Indië. Dat betekent dat het verhaal zo geloofwaardig is, dat het als vanzelf verbonden wordt met de werkelijkheid.