Perspektiven

α

‘Mei ik wat geks freegje? Wolle jo myn tas efkes iepenhâlde?’

Sûnder dat ik wat yn de gaten hân haw, stiet der ynienen in jonge meid neist my, mei ûnwisse eagen en prachtich lang hier. Se hat in hântas by har fan it formaat Dirk van den Broek-boadskippetas, grôtfol sjaals, kosmetika en oare ûndúdlike dingen, sa’t in soad frouwen dy alle dagen mei har meitôgje. Mar wat se eins siket is in pakje bûsdoekjes, en dat krijt se net te pakken, mei ien hân yn de berch spullen om skuorrend. Mei twa hannen hâld ik har tas iepen, en bespeur by ús beiden in soarte fan ferromming: efkes net model stean foar it prototype ‘frou-allinnich-besiket-literêre-jûn’. Lees meer of lês mear