Kieze of net kieze, dat is de fraach

It wie myn doel in werklik twatalich blog te skriuwen, dan wer skreaun yn de iene taal, dan wer yn de oare, krekt sa as ik yn it deistich libben beide talen trochinoar brûk, sûnder der in oersetting by te jaan. Mar ik bin it spoar efkes bjuster: wurket dit wol? Fan in Nederlânsktalige lêzer haw ik al heard: ‘Ik volg je blog niet meer hoor, de helft van de tijd kan ik het toch niet lezen.’ Al moat ik der fuortendaliks by sizze dat der ek Nederlânsktalige lêzers binne dy’t besykje de Fryske stikken te lêzen en dan ta de ûntdekking komme dat dat diels ek noch slagget.

Lees meer of lês mear