Ensafh nr. 6: Mist

Stichting Hispel / VBK-Media, desimber 2013, jiergong 5, nûmer 6

Yn nûmer 6 / 2013 fan it literêre tydskrift Ensafh is it ferhaal Mist opnommen.

Losse nûmers fan Ensafh binne foar €5,- te keap.

It grutte foarlêsboek
Afûk, oktober 2013

 

Op 25 oktober 2013 is by de Afûk It grutte foarlêsboek ferskynd, mei deryn ûnder (in hiel soad) oaren it ferhaal Hjerstkat.

Te keap yn'e boekhannel of by de Afûk.

Ensafh Rely Jorritsma-nûmer

Stichting Hispel / VBK-Media, septimber 2013, jiergong 5, nûmer 4

Ta gelegenheid fan de útrikking fan de Rely Jorritsma Priis 2013 is der in spesjaal Rely-nûmer útjûn fan it literêre tydskrift Ensafh, mei dêryn ûnder mear it ferhaal Skrabje.

Losse nûmers fan Ensafh binne foar €5,- te keap.

Gouden tijden, zwarte bladzijden

dewebschrijvers.nl / CPNB, juny 2013

Foar de ferhalewedstriid yn it ramt fan it boekewiketema fan 2013 'Gouden tijden, zwarte bladzijden' hat Abdelkader Benali út 350 ynstjoerings de 25 bêste ferhalen keazen, wêrûnder it ferhaal Sporen. De bondel is hjir online te lêzen en is ek yn beheinde softcover oplage produsearre.

Kijk op de Achterhoek

Provinsje Gelderlân, jannewaris 2011

Fotografy: Roelof van der Schaaf

Byldessay oer krimp, tradysje en fernijing yn de Achterhoek.

Fergees te downloaden.

Thuis in Friesland

Terra Lannoo, oktober 2008

Fotografy: Roelof van der Schaaf

Ryk yllustrearre oersicht fan skiednis, kultuer en natuer fan Fryslân. Allinne noch twaddehâns te krijen.

Foar in byldympresje sjoch:

{youtube}J0WAbysghJM{/youtube}

Eendagsvliegen

Under de flagge fan Compano Tekst en Beeld hawwe Roelof van der Schaaf en ik yn de maitiid fan 2012 in (tige lyts) skoftke eksperimintearre mei de kombinaasje tekst, byld en lûd. Utgongspunt wie om yn ien dei (fandêr de namme) te brainstoarmjen, skriuwen, byld en lûd derby te meitsjen en it filmke online te setten. Al wie it mar om te ûnderfinen hoe't it is om op peaskemoandei mei in voicerecorder boppe in panne mei siedende aaien te hingjen:

{youtube}rykTx9hgnvY{/youtube}

{youtube}j9yNl6daw1c{/youtube}

Duet, Grenadine en Vaarwel
Guon fan de ferhalen dêr't ik in priis mei wûn haw, binne online te finen.

Yn dy gefallen is der ûnder Prizen by de oanbelangjende priis in link pleatst.

 

Geef een reactie

Door de site te te blijven gebruiken, gaat u akkoord met het gebruik van cookies. meer informatie

De cookie-instellingen op deze website zijn ingesteld op 'toestaan cookies "om u de beste surfervaring mogelijk. Als u doorgaat met deze website te gebruiken zonder het wijzigen van uw cookie-instellingen of u klikt op "Accepteren" hieronder dan bent u akkoord met deze instellingen.

Sluiten