De kultuer fan de nije tiid: surfe oer it oerflak

12-01-2017

Yn myn foarige bloch kaam de fraach oan de oarder oft oerflakkigens – foaral yn ferbân mei it 'genietsjen fan kultuer' – altyd ferkeard is of dat it gewoan de nije noarm is. Dêrby kamen my fuortendaliks twa boeken yn it sin: Wiel Kusters' biografy fan Kees Fens, Mijn versnipperd bestaan; Het leven van Kees Fens (1929-2008) út 2014, en De barbaren fan Alessandro Baricco út 2010, feitlik de beskriuwings fan twa folslein tsjinoerstelde libbenswizen en opfettingen.

Yn de biografy fan Kees Fens wurdt in alsidich, minsklik portret sketst fan in ferwoeden lêzer en tinker dy't, hast nettsjinsteande himsels, net oars koe as gelok earst en foaral yn boeken sykje: 'Onze grootste lezer, Kees Fens. Iemand voor wie lezen en leven maar een letter verschilden. De belangrijkste en productiefste literaire criticus van na de oorlog.' It boek lit dúdlik sjen hoe't dizze selfmade man, de jonge dy't al jong syn heit ferlear, dy't yn de jûnsoeren syn MO-A Nederlânsk helle en it úteinlik skopte ta heechleraar oan de Radboud Universiteit yn Nijmegen, stadich mar wis ûngeskikt waard foar syn eigen tiid: alle earbewizen koene net ferbergje dat de him tamjitten romte yn de ferskate kranten en tydksriften dêr't er syn kritiken foar skreaun, hieltyd lytser waard. Koart, snel, oerflakkich wienen de nije trends, lêzers soene gjin resinsjes fan in hiele pagina mear lêze wolle, haadredakteuren plakten om mei de fraach hoe dizze fierstente lange en yngewikkelde stikken, en ta einbeslút de skriuwer sels, te omsilen. Falling out of time, as dat ea op immen fan tapassing west hat, dan is it wol op Kees Fens.

Yn De barbaren beskriuwt Alessandro Baricco de saneamde 'horizontale mens', de mins dy't omdobberet oan de oerflakte, surfend oer it ynternet fragminten dy't him by tafal ynteressearje komponearret ta in nij gehiel dat allinnich mar brûkber hoecht te wêzen foar syn libben no, sûnder ek mar in kromke historysk besef, om oer besef fan kwaliteit noch mar te swijen. As we nei uze kultuer sjogge, sjogge we neffens Baricco in pear dominante skaaimerken: technologyske fernijing, ferkommersjonalisearring, ferienfâldiging, oerflakkigens, fluggens, spektakulêrens en in oanstriid ta it sekuliere. Is der yn de moderne tiid noch wol plak foar besieling? Barbaren hawwe ommers gjin each foar de siel fan de dingen, allinnich foar it effekt.

Dochs wegeret Baricco pessimistysk te wêzen oer it troch in soad minsken ornearre teloargean fan it kultuerbesef. Soms docht bliken dat wat as ferlies beskôge waard, úteinlik winst is. De hjoeddeiske feroarings winsket er net te sjen as in botsing tusken beskaving oan de iene kant en barbarisme oan de oare kant, mar earder as in oergong fan in âlde nei in nije kultuer mei syn eigen dynamyk. Hy hat net it resept foar dy nije kultuer, mar beskôget it as in syktocht dy't eins noch mar krekt begûn is. 'We moeten niet zinken als een zak aardappelen. Varen, dat is onze taak.' De nedige stjoermanskeunsten wurde ûnder oare yn praktyk brocht op de Scuola Holden yn Turijn, oprjochte troch Baricco en in pear freonen, mei it idee dat se it type skoalle wêze wolle dêr't Holden Caulfield, de haadpersoan út The Catcher in the Rye fan J.D. Salinger, noait skrast wurden wie. It is de bedoeling nije foarmen fan fertellen te ûndersykjen, fan skriuwe oant films meitsje en alles wat dêr tuskenyn sit.

Mar wer stean ik sels, op de lijn tusken 'beskaving' en 'barbarisme'? Ik bin opgroeid mei bewûndering foar minsken as Kees Fens en George Steiner, ferwoedene lêzers mei djipwoartele, útwreide kulturele bagaazje, dy't wegerje wetter by de wyn te dwaan en konform de tiidgeast oer te stappen op 'hapkleare brokken' kultuer, presentearre yn jip-en-janneketaal. Mar miskien wol it grutste part fan myn libben bring ik wilens troch efter in byldskerm, en ek al kin ik my net foarstelle dat ik oait ophâlde sil fan boeken lêze, ik hâld fan ynternet krekt omdat it in gefoel jout datst hiel fluch fan alles en noch wat te witten komme kinst. Doe't ik jong wie haw ik noch aardich wat literatuer út de westerske kanon lêzen, fan De idioot fan Dostojevski oant (ûngefear de helte fan) Op zoek naar de verloren tijd fan Proust, mar ik betwifelje oft ik dêr no noch it geduld en de tiid foar opbringe kinne soe. Ik kin net ûntkenne dat ik útsjoch nei – of leaver: benijd en op syk bin nei – nije foarmen fan fertellen, mar tagelikertiid sit ik noch fêst oan âlde foarmen. Sil úteinlik bliken dwaan dat myn generaasje, om hiel oare redenen ek wol Generaasje X of de Ferlerne Generaasje neamd, hielendal net farre kín mar domwei de boat mist hat, sawol de efter- as de foarút farrende? En dat wy aanst, tegearre mei Mark Rutte en Willem-Alexander, hoopfol gnizend oan de kade stean wylst der hielendal gjin boat mear komt?