Doch it net!

15-01-2014

Sit ik te fier fuort om it lêste nijs mei te krijen, of is it gewoan efkes stil oan it staveringswizigingsfront? It lêste dat ik meikrigen haw is dat 'men' it net iens wurde koe, en ik leau dat ik ek noch earne lêzen haw dat der no wurke wurdt oan in 'kompromis', wat je je dêr dan ek by foarstelle moatte. It sil wol betsjutte dat der yn elts gefal net neat barre kin, der binne al besluten naam en hoewol't de mooglikheid werom te kommen op in beslút oer it algemien in moaie en ferstannige minsklike eigenskip is, is it yn bepaalde fermiddens not-done (hoe seist dat yn standert Frysk?).

Dit stikje is dus wierskynlik moster nei it miel. Boppedat bin ik gjin taalwittenskipper of sa, mar wol haw ik sa'n fjirtich jier net folle oars dien as lêze, skriuwe en redigearje, en op grûn dêrfan wit ik ien ding wol: taal ís net konsekwint en hóecht ek net konsekwint te wêzen. As redakteur Nederlânsk haw ik mear as ien kear ûnderfûn dat staveringswizigingen, ek yn dy gefallen betocht om de taal konsekwinter te meitsjen, benammen ellinde opleverje. Foar minsken dy't de taal al behearskje en brûke jout it allinnich mar betizing, en minsken dy't in taal leare wolle, dogge of litte dat net omdat it wol of net in konsekwinte taal is.

As dat wol sa wie, dan wie it Esperanto wol in grutter sukses wurden. In taal dy't konstruearre is op grûn fan logika, mei it doel alle minsken oer de hiele wrâld maklik mei inoar prate te litten yn in taal dy't nimmen de ûnearlike foarsprong fan in memmetaal jout. It is maklik te learen, it is tige konsekwint en dochs is it, wat it tal brûkers betreft, noait in wrâldtaal wurden.

Dêr't in taal wol ferlet fan hat is goed ûnderwiis en lêsbefoardering. Ik doar te bewearen dat ik lange tiid, goed en deeglik ûnderwiis hân ha yn de Nederlânske taal. Fóár de staveringswiziging fan 1995, doe't ik as korrektor wurke en daagliks in soad teksten yn flaterfrij Nederlânsk ôfleverje moast, hoegde ik mar in inkele kear it wurdboek te rieplachtsjen. Ik hie eltse dei profyt fan it goede ûnderwiis dat ik hân hie en fan myn lêsferslaving: in grut part fan de taal wie domwei ynslipe.

Nei 1995 wie ik fan in hiel soad dingen net wis mear: is dit no wol of net feroare, of wie dit no krekt dy iene útsûndering? Want nee, ek de Nederlandse Taalunie is der noch noait yn slagge de taal hielendal konsekwint te meitsjen. Ynienen moast ik folle faker nei it wurdboek gripe, dat ja: wol men mear wurdboeken (en lesmetoaden, digitale staveringshifkers ensafh.) ferkeapje, dan moat in staveringswiziging altyd wêze.

Yn it Nederlânsk waard it noch in slachje slimmer doe't der, út protest tsjin de neffens in soad profesjonele taalbrûkers net logyske 'aktualisearring' fan de wurdlist yn 2005, neist de 'griene stavering' ek noch in 'wite stavering' ûntstie (dy't yndie yn in soad gefallen in stik konsekwinter is, mar likemin in trochslaand sukses wurden is). Ek dat wie wer moai foar de útjouwerijen fan taal- en wurdboeken, mar sis no sels: dêr bist moai klear mei, as dosint, amtner, skriuwer of útjouwer.

Hawwe de net-profesjonele brûkers der dan in soad wille fan hân? Leare de bern makliker as oait de Nederlânske stavering en makket de trochsnee Nederlanner no stikken minder flaters? Ik wit net oft der ûndersyk nei dien is, mar as lêzer en redakteur haw ik ek yn de jierren nei de staveringswiziging in soad teksten ûnder eagen hân en ik sjoch de stavering eins allinnich mar minder wurden, sels yn kranten en boeken, dy't oer it algemien dochs folskreaun wurde troch minsken dy't wat mei taal hawwe, al of net profesjoneel.

Taal is ek gewoan in fak dêr't je wol of net goed yn wêze kinne. Net elkenien is der like goed yn en dat sil ek noait sa wurde. Foar it funksjonearjen yn it deistich libben is in minimumnivo foar eltsenien wichtich, mar as it fierder giet as dat, dan giet it ek oer in talint, krekt as by rekkenjen en wiskunde (dêr't men de regels trouwens ek net hieltyd feroaret omdat it in soad minsken boppe de plasse giet). Dêrom binne der bygelyks ek taaldosinten en taalkundigen, korrektoaren en redakteuren. Taal en de healwize dingen fan taal: dat is harren fak.

Taal hoecht net maklik te wêzen, as it mar docht wêr't it foar bedoeld is: mooglikheden jaan om nei bûten te bringen wat yn dy sit, sa dúdlik en/of moai as mar kin. Taal hoecht ek net konsekwint te wêzen; in libbene taal is as in libben organisme: somtiden ûnfoarsisber. Taal is sels yn it bêste gefal as it wenjen en wurkjen op in terp: ûnhandich mar fruchtber.