Jiskebestimming
It is wer de tiid fan it jier dat der in bedrach fan myn rekken skreaun wurdt foar de begraffenisferiening dêr't ik neffens my al sûnt myn berte lid fan bin. Us heit en mem hawwe dat foar ús regele. Doe't ik achttjin waard, wie it tiid om de ferantwurdlikheid dêrfoar sels oer te nimmen. As ik it my goed yn't sin bring, woe ik der earst net oan. Achttjin mei dan in âldens wêze wêrop je al fertroud binne mei neitinke oer de dea, in kreaze begraffenis mei kofje en cake heart dêr wis en wrachjes net by.
Ik fûn it earst mar healwiis: lid wêze fan in begraffenisferiening. Mar ús heit en mem makken my dúdlik dat it behoarlik asosjaal fan my wie om de kosten fan myn begraffenis dan mar domwei oan myn neibesteanden oer te litten: sykje it mar út wêr't it jild foar myn begraffenis of kremaasje weikomme moat, tsjin dy tiid is it myn soarch yn elts gefal net mear. Dat fûn ik wol in oertsjûgjend argumint: asosjaal yndie.
De jierren giene foarby, der barde fan alles yn myn libben dat ik op myn achttjinde noch net foarsjoen hie, der barden eins allinnich mar dingen dy't ik op myn achttjinde noch net foarsjoen hie. Ien fan dy dingen wie dat ik nei plakken bûten de grinzen fan de provinsje Fryslân ferhúze. Yn 't earstoan kaam ik nei in skoftke wol wer werom, nei ien jier, nei trije jier, want ier of let stuts in foarm fan ûnwennigens de kop op, it missen fan famylje en âlde freonen, it lânskip en de taal. Mar altyd wienen der ekonomyske motiven om de provinsje ek wer te ferlitten.
In jier as wat ferlyn brocht eat my derta de betingsten fan myn begraffenisfersekering ris écht te lêzen. Gjin idee mear wat de oanlieding wie, miskien it gefoel dat de twadde helte fan myn libben oanbrutsen wie, de helte dy't allinnich noch mar lytser wurde kin. Wat die bliken? De fersekering keart in bedrach út by ferstjerren, mar in diel fan it 'sparjen' sit yn koartingen op de tsjinstferliening, alteast bínnen Fryslân.
Sa't it der no útsjocht is it mar hielendal de fraach oft weromgean nei Fryslân foar my oait noch wol mooglik is. Sa net, dan doch ik myn neibesteanden by ferstjerren wol tekoart. Eins hie ik it jild dan better gewoan op in rekken sette kinnen. Of ik moat der hoe dan ek foar soargje dat ik yn Fryslân stjer, of op syn minst fuort nei it ferstjerren dêrhinne ferfierd wurd. Eins fyn ik dat ek noch wol in moai idee: begroeven wurde yn de grûn dêr't je út fuortkomme. Behalve dat we ûnderwilens witte dat minsken net fan klaai makke binne, en dat ik tink dat ik net begroeven wurde wol. Ferstruid wurde dan, ferstruid wurde oer it Waadgebiet, ashes to ashes, mar einlik de romte hawwe. Opgean yn myn bertegrûn en yn myn favorite lânskip.
Dat docht my tinken oan de einscène fan Goodbye Lenin, wêryn't se de jiske fan de mem fan de haadpersoan mei in raket de romte yn sjitte, krekt sa as sy dat graach woe: har jiske ferstruid oer alle fjouwer wynstreken. Miskien dat se sa fan boppen ôf noch sjocht nei it lân dat se út needsaak idealisearre hat, de DDR, dy't dan al net mear bestiet. Dat jildt oer in jier as fjirtich faaks ek foar it Fryslân sa as dat dan allinnich noch mar yn myn ferbylding bestean sil. 'Ein land das es in wirklichkeit nie so gegeben hat.'