Kieze of net kieze, dat is de fraach
It wie myn doel in werklik twatalich blog te skriuwen, dan wer skreaun yn de iene taal, dan wer yn de oare, krekt sa as ik yn it deistich libben beide talen trochinoar brûk, sûnder der in oersetting by te jaan. Mar ik bin it spoar efkes bjuster: wurket dit wol? Fan in Nederlânsktalige lêzer haw ik al heard: 'Ik volg je blog niet meer hoor, de helft van de tijd kan ik het toch niet lezen.' Al moat ik der fuortendaliks by sizze dat der ek Nederlânsktalige lêzers binne dy't besykje de Fryske stikken te lêzen en dan ta de ûntdekking komme dat dat diels ek noch slagget.
De Fryske lêzers kinne fansels beide lêze, mar dêr spilet wer wat oars, in ûnbeskreaune regel: ast Frysk skriuwe kinst, dan moat it ek yn it Frysk, en dan ek allinnich mar yn it Frysk, om de taal te rêden, om beskuldigings fan kommersjeel opportunisme oant regelrjocht heechferried te ûntrinnen, om der by te hearren troch partij te kiezen, partij foar in taal. Mar eins fyn ik dat in taal in fanselssprekkend stik ark wêze moat. As in taal begjint oan te fielen as in politike partij of in religy, dan kinst der hast wol donder op sizze dat sy op stjerren nei dea is.
It is miskien wat te simplistysk steld, wat te romantysk, mar yn grutte linen kloppet it wol: de kar tusken Frysk en Nederlânsk is, foar my teminsten, in kar tusken it gefoel en it ferstân. It Frysk appelearret oan it gefoel, it is de taal fan myn betide jeugd, fan myn âlden, fan it primêre proses fan it koppeljen fan wurden oan de wrâld. Logysk dat dat direkter binnenkomt as de taal dy't ik letter leard haw: de taal fan de strjitte en de skoalle, plakken en situaasjes wêryn'st mear op dyn iepenst en tûker wêze moatst.
Yn it Nederlânsk fiel ik my liniger en wisser en hoech ik net hieltyd it wurdboek of de grammatika derby te pakken. It gat dat, yn elts gefal wat mysels oangiet, yn it Frysk gappet tusken sprektaal en skriuwtaal is, skat ik, sa'n 70% grutter as yn it Nederlânsk. Mar yn it Frysk hear ik ús heit en mem praten, binne de bylden kleurriker en djipper, oft it no om oantinkens of fantasij giet, en ritme en klank spylje hast fansels in folle gruttere rol.
Allinnich: foar wa soest it eins dwaan, skriuwe yn it Frysk? Oké, blogge yn it Frysk, twitterje yn it Frysk, whatsappe yn it Frysk: as it mar koart en fergees is, dan is it machtich moai. Mar wat ast úteinlik dochs mear wolst as allinnich mar in blogje skriuwe? Wa jout noch Fryske boeken út, wa keapet se noch, wa kin en wol se noch lêze? As de Friezen op de lange baan gjin Frysk mear lêze kinne of wolle, en der yn alle gefallen net mear foar betelje wolle, dan hâldt it mei de Fryske boeken wol op, dêr helpt gjin subsydzje oan.
De gefolgen binne al te fernimmen. Der binne noch mar in pear Fryske útjouwers, en hieltyd faker moat in skriuwer sels meibetelje oan it útjaan fan syn of har boek, op hokker wize dan ek. Dêr wolst dochs net oan? Datst jierren wurkest oan in boek en dan krigest der net foar betelle, hoe'n bytsje ek, mar moatst der sels foar betelje? Dat kloppet net. Ik wit wol dat júst ek yn Fryslân sels renommearre skriuwers en dichters der ta feroardiele binne, mar ik assosjearje selfpublishing mei amateurisme. In wrâld dêr't jild fertsjinne wurdt oan minsken dy't, om hokker reden dan ek (want nee, der is net altyd in oarsaaklik ferbân tusken kwaliteit en lêzerspublyk), wegere wurde troch de erkende útjouwerijen. Mar ja, ek in erkende útjouwerij is yn it foarste plak in kommersjele ynstelling, nettsjinsteande alle romantyske ideeën dêroer, dat gjin lêzers betsjut gjin boeken. Mei in gemiddelde fan, foar safier't ik wit, yn it bêste gefal in pear hûndert lêzers per boek, is it noch in wûnder dat der yn it Frysk útjûn wurdt wat der útjûn wurdt.
Fansels, de myte wol dat in echte skriuwer dochs wol skriuwt, wat de omstannichheden ek binne, mei of sûnder lêzers en/of oare ynteressearden, as de ynerlike needsaak der mar is. Dan bin ik tink gjin echte skriuwer en moat ik it miskien mar hielendal litte. Want ik bin domwei te lui (en op't heden ek noch mear as fulltime oan it wurk yn in wól betelle baan, moat ik der earlik by sizze) om jierren wurk te fersetten foar neat. Ik soe lige as ik sizze soe dat ik allinnich foar mysels skriuw, dreaun toch ynerlike needsaak en de wille dy't ik der oan belibje. Want like faak is it in ûntyglik soad gewraksel oant in regelrjochte ferskrikking, dêr't ik hielendal gjin doel yn sjoch, dat as der dan ris wat útkomt dat it deiljocht ferneare kin, dan wol ik lêzen wurde, en net allinnich troch freonen en bekenden (dy't trouwens dochs foar it grutste part gjin Frysk lêze kinne).
Mar goed, ik hie it oer dit blog. Ik haw it gefoel dat ik better kieze kin tusken it Frysk en it Nederlânsk, minsken wolle witte wêr't se oan ta binne, yn hokker hokje ast past. Dat kinst negearje fansels, hoechst net te dwaan wat minsken fan dy ferwachtsje, mar dan heakje se oer it algemien wol ôf, en sa as sein: ik skriuw net allinnich foar mysels. Dêr komt dan wol by dat dat miskien ek wol in kar wêze soe foar de taal wêryn't ik de oare dingen dêr't ik mei dwaande bin skriuw, en dat makket it ynienen in hiel prinsipiële beslissing mei gruttere gefolgen. Kies ik de wei fan de minste wjerstân, de taal dêr't ik oant no ta it measte yn skreaun haw, dy't my it maklikst ôf giet en dêr't, mei alle swierrichheden dy't ek yn dy wrâld spylje, dochs in grutter potinsjeel lêzerspublyk foar te finen is? Of bekear ik my ta it Frysk? Of is it allegear ûnsin en