Prullebak

02-01-2014

As ik witten hie wêr't ik oan begûn, dan hie ik it wierskynlik net dien: it hiele Joomla-taalbestand oersette yn it Frysk. Mar ik woe myn Joomla-website twatalich meitsje en ik woe it ôf ha foar de útrikking fan de Rely. It begûn mei 80 bestandsjes, dat wie efkes twa wike trochstome en klear, rûm op tiid. Mar doe kaam de aap út'e mouwe: dat wie noch net alles.

Der wie noch in diel fan it pakket mei 182 bestanden, en dat moast no ek yn twa wike klear. It waard nachtwurk, en dat sil de konsekwintens net te'n goede kommen wêze en ferklearret ek in part fan de ûnûntkombere oare flaters dy't der fêst noch yn sitte. No ja, foarjier 2014 komt de nije Joomla-ferzje út, by genôch belangstelling sil ik dy gelegenheid dan mar oangripe foar noch wat ferbetterings.

Der gie wol in wrâld foar my iepen doe't ik dwaande wie mei de oersetting. Ik learde wurden as brûkersnamme-efterheaksel en krûmelpaadsje, begrippen as tûk sykje en wiidweidich sykje. Mar guon wurden gienen net sa maklik. Bygelyks willekeurig, yn de betsjutting fan at random. Wat joech it wurdboek my? Ien of oar, samar, likefolle. Wat moast ik dêrmei, bygelyks yn 'Willekeurig zoeken'? 'Ien of oar' of 'likefolle' foelen fuort al ôf, mar ek 'samar (wat) sykje' wie it foar myn gefoel krekt net. Soe it tafal wêze of soene Friezen net fan willekeur hâlde?

Ek tocht ik efkes rap it wurd 'prullenbak' oer te setten, mar it wurdboek hie it oer fod-, papier- of kladdekoer. Yn alle gefallen seach ik in flochten koer mei papieren proppen foar my, dus dat foldie yn dit gefal net. Sa ûnrjochtfeardich is de wrâld fan in lytse taal. It wie in adekwate oersetting fan prullenbak, dat ommers krekt dat betsjut: in bak foar of mei proppen papier. Dochs makke ik by it Nederlânske wurd muoiteleas de oergong nei de firtuele ferzje rjochtsûnder op myn kompjûterbyldskerm, want ja, al sûnt it begjin fan de jierren njoggentich wie ik wend it wurd prullenbak dêroan te plakken.

Ik wit noch as de dei fan juster hoe't myn earste firtuele prullenbak derút seach: it wie in grut, Amerikaansk, fertikaal streept, blikken gefal. Tink de einsène fan Breakfast at Tiffany's, de ferfilming fan de roman fan Truman Capote, as Holly Golightly ûnder de klanken fan Moon River yn de streamende rein har kat siket yn de stegen fan New York. Mar eins kaam it ek wol hiel ticht by de blikken jiske-amer dy't eartiids by ús thús neist de efterdoar stie, mei in deksel dat der oan hingjen bleau as je it optilden.

As je in dokumint yn de firtuele jiske-amer goaiden, gie it deksel omheech en kaam it Cookie-meunster smakkend en wol derút setten, wylst er song: 'Oh, I love trash so much', of sokssawat. We laken ús slop, dat soks mooglik wie. Soms makke ik lege dokuminten oan, allinnich om se fuortsmite te kinnen. Yn it aardich Frysksinnige fermidden dêr't ik doe wurke, wie der gjin hûn dy't it hie oer: 'Hast it al sjoen, it Cookie-meunster yn'e fodkoer?'

Dat ja, úteinlik haw ik in middernachtlik kompromis betocht: prullebak, sûnder tusken-n, dat makket it gefoelsmjittich dochs noch in bytsje in blikken jiske-amer mei in print fan de Fryske flagge derop. Miskien dat it ding yn it foarjier noch wol promovearre wurdt ta kladde- of flardebak, of no't ik der nochris oer neitink: jiskefet.