Tsiende stjerdei Tiny Mulder

04-11-2020

Oernaam út: Tiny Mulder, Tinkskrift, Bosch & Keuning nv, Baarn/De Tille bv, Ljouwert (1986)

Hjoed, 4 novimber 2020, is it de tsiende stjerdei fan Tiny Mulder, sjoernalist, skriuwer, dichter en meiwurker yn it ferset yn de Twadde Wrâldoarloch. De betinking fan 75 jier frijheid dit jier hie in moaie gelegenheid west om har wurk wer ris wat breder ûnder de oandacht te bringen, mar alle bytsjes helpe om har wurk yn oantinken te hâlden.

Yn april 2020 is yn it kader fan Tresoar Treast Televyzje in fideo oer har makke. Dêryn wurdt it gedicht 'Heit' foarlêzen dat Mulder skreau oer it ferstjerren fan har heit (in gedicht dat tink in soad minsken oansprekt; sjoch ek dit blogje).

Yn de hjerst fan 2019 mocht ik har gedicht 'O sa te wurden', út har bondel Oh in stêd, ah in lân (1983), ynsprekke foar in picture poem

Yn 1986 krige Mulder de Gysbert Japicxpriis foar har hiele oeuvre, mar yn it bysûnder for dizze gedichtecyclus.

Foar in koart oersjoch fan har libben en wurk sjoch de webside fan Tresoar. Wa't mear oer har libben en wurk witte wol, kin it boek Foar alles is in tiid; it libbensferhaal fan Tiny Mulderfan Geart de Vries lêze.