PubliKAASJES
Happiness Delayed
Leeuwarden UNESCO City of Literature, septimber 2022
Utsteld gelok / Uitgesteld geluk / Happiness Delayed is de namme fan in ferhaleprojekt dat Leeuwarden UNESCO City of Literature yn de simmer fan 2022 yn it kader fan Arcadia útfierd hat. 100 dagen lang waarden op 100 paradyslike plakken yn Fryslân 100 ferhalen fan 100 skriuwers ferteld. Ien dêrfan wie myn ferhaal 'Lytse kategismus fan gelok', dat yn trije talen opnaam is yn dit minyboekje Happiness Delayed, mei útwreide ynformaasje oer de organisaasje en it projekt. Mei tank oan alle minsken fan Leeuwarden UNESCO City of Literature en oersetter David McKay foar 'A Little Catechism of Happiness'.
Wat wy seagen
(Fryske oersetting Boekewikegeskink 2021)
Stichting CPNB / Uitgeverij Pluim / Boeken fan Fryslân, mei 2021
Hanna Bervoets skreau it Boekewikegeskink foar 2021, Wat wij zagen, dat ik yn it Frysk oersette mocht.
Leon & Juliette
(Fryske oersetting Boekewikegeskink 2020)
Stichting CPNB / Uitgeverij Querido / Boeken fan Fryslân, maart 2020
Annejet van der Zijl skreau it Boekewikegeskink foar 2020, Leon & Juliette, dat ik yn it Frysk oersette mocht.
Nearnewâld
Elikser, novimber 2019
Yn dizze sammelbondel ta gelegenheid fan it 50-jierrich bestean fan It Skriuwersboun stiet, neist in grut ferskaat oan ferhalen, gedichten en oare teksten fan kollega-skriuwers, ek myn ferhaal 'Kat en kwea'.
De koma-korrektor
Afûk, maart 2018
Krekt op it stuit dat Betty Vonk, korrektor by in krante, dwaande is in boek te skriuwen oer it Indië-ferline fan har heit Siemen Vonk, rekket er yn koma. Siemen hat him yn 1945 oanmelden as oarlochsfrijwilliger foar Indië, mar hat dêr tidens in aksje in befel wegere. Wylst Siemen – fertize yn hallusinaasjes – yn it sikehûs leit, giet Betty op ûndersyk út nei it wêrom fan dy wegering. Wilens is der by de krante in reorganisaasje geande dy't Betty twingt sels ek in kar te meitsjen. Mar hoe dochst dat as der mear fragen as antwurden lykje te wêzen, en wat makket dat in minske 'nee' seit as it derop oankomt? Safolle partijen, safolle ferhalen, mar ien ding is wis: it ferhaal kin altyd wer opnij ferteld wurde.
Besjoch de boektrailer.
YN 'E PARSE
Ynterview Arjan Hut, De Moanne, jiergong 17, nûmer 5, oktober 2018, pp. 34-37
'Soms moatst erkenne datsto net witst hoe't it krekt sit. Dan follest dingen oan mei fantasij, of litst krekt fragen iepen.
It is net allinne in ferhaal fan ús, mar ek fan de Sinezen, de Indiërs, de Molukkers, it ferhaal wurdt hieltyd breder. It is in ferhaal dat lang net folslein is, nettsjinsteande dat it hieltyd groeit en altyd trochgiet. Guon ferhalen sprekke inoar tsjin. Literatuer lit dy lagen sjen.'
Resinsje Jelma Knol, Ensafh, jiergong 10, nûmer 3 2018, pp. 53-54
'It is krekt dy fûnemintele ûnwissens dêr't de haadpersoan yn it boek hieltyd mei konfrontearre wurdt en dat makket it boek ynhâldlik sa sterk.'
'De koma-korrektor is in roman dêr'tst noch hiel lang oer neitinke kinst. Sa'n boek jout dy werris it gefoel hoe relevant, ek maatskiplik, literatuer wêze kin.'
Ynterview Gerbrich van der Meer, Friesch Dagblad, 19 mei 2018
'Der is noait ien ferhaal oer in barren, der binne altyd mear, betocht ik my. Sa wêzentlik. Troch alle ferhalen op te tellen kinst ta in konsensus komme. Miskien dat dat wol it meast heldere ynsicht jout.'
'Kinst noait ien feroardiele allinnich omdat hy ta dy of dy partij heart. Stietst ommers net foar in partij oer, mar foar in minske.'
Lês it ynterview hjir.
Resinsje Doeke Sijens, Leeuwarder Courant, 4 mei 2018
'Fierhinne de meast nijsgjirrige figuur fan de roman – dy't aldergelokst in soad oan it wurd komt – is Jappy. Hy praat alle ferkeardens fan de oarloch net yn 't lyk mar hy relativearret de saken bytiden wol.'
Lês de resinsje hjir.
Resinsje Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite, 27 april 2018
'Al die passages worden vaardig afgewisseld, waardoor de informatie goed gedoseerd verteld wordt en de vaart en de spanning in het verhaal blijven.'
'Zo weet Zijlstra een mooi ingehouden emotionele toon aan te slaan in de passages waarin de dochter naar haar vader kijkt die in coma ligt.'
'Maar misschien wel het belangrijkste: zonder dat het er al te dik bovenop ligt, slaagt Zijlstra er heel goed in de parallel uit te werken tussen de beslissing die vader Siemen genomen heeft en de beslissing die Betty uiteindelijk neemt. En ook al kun je je als lezer afvragen hoe dicht je ten slotte bij "de waarheid" komt, de auteur weet in ieder geval een fraai einde te componeren, waarin de verschillende lijnen van het verhaal alleszins bevredigend worden afgewikkeld.'
Lês de resinsje hjir.
Ynterview Hedwig Terpstra, webside Ensafh, 18 april 2018
'Asto midden yn de rotsoai en ûndúdlikheid sitst dy't in oarloch is, dan moatsto kieze op prinsipes en gefoel.'
'Pas al dy ferhalen byinoar soargje derfoar datsto in bytsje benaderje kinst hoe't it west hat. Net ien fan dy minsken hat puer gelyk of puer ûngelyk.'
Lês it ynterview hjir.
Ynterview Sietse de Vries, Leeuwarder Courant, 23 maart 2018
'De koma-korrektor giet behalven oer it Yndyske aventoer fan in heit ek oer de syktocht fan in dochter nei de wierheid.'
'In rûn ferhaal is net ynteressant, it binne krekt al dy lytse dinkjes dy't misgeane dy't it spannend en dy't in ferhaal moai meitsje. Dat is it nut fan ferhalen: se foarkomme dat alles as los sân fielt.'
Lês it ynterview hjir.
Ynterview Rynk Bosma, webside De Moanne, 7 maart 2018
'Ik wol de krêft fan de fiksje brûke foar eigen frijheid. De kadootsjes dy't je krije fan de werklikheid kombinearje mei de eigen ferbylding, "de wierheid lige".'
Lês it ynterview hjir.
Ensafh
Stichting Hispel
- Bewege yn nimmenslân. In essay oer de gliidzjende skaal tusken fiksje en non-fiksje oan de hân fan trije boeken oer de dekolonisaasjeoarloch yn Yndonesië (jiergong 14, nûmer 1, febrewaris 2022).
- Oertocht. In tige koart ferhaal (tkf), skreaun foar de Lange Koartproazajûn dy't hâlden wurde soe yn De Bogt fen Guné yn Frjentsjer, mar spitigernôch fanwege korona net trochgean koe (jiergong 12, nûmer 6, desimber 2020).
- Fleur. Dit ferhaal is skreaun yn it kader fan it projekt Spijtproza fan Explore the North, mei tank oan Hinke Dorenbosch foar it dielen fan har libbensferhaal, dat it útgongspunt foarme (jiergong 11, nûmer 2, maaie 2019).
- In kattelibben. Column op de webside fan Ensafh (10 febrewaris 2019).
- Boeken earst. Column op de webside fan Ensafh (24 maaie 2017).
- In grutte lytse-stedsroman. Column op de webside fan Ensafh (22 maart 2017).
- Rûch as tou. In semi-krystferhaal (desimber 2016, jiergong 8, nûmer 6).
- Nacht. Ta gelegenheid fan de útrikking fan de Rely Jorritsma Priis 2016 is der in spesjaal Rely-nûmer útjûn fan Ensafh, mei dêryn ûnder mear it ferhaal Nacht (oktober 2016, jiergong 8, nûmer 5).
- Oer it hynder. Ta gelegenheid fan de útrikking fan de Rely Jorritsma Priis 2015 is der in spesjaal Rely-nûmer útjûn fan Ensafh, mei dêryn ûnder mear it ferhaal Oer it hynder (oktober 2015, jiergong 7, nûmer 5).
- Mist. In koart ferhaal oer in dochter en in heit mei in Indië-ferline (desimber 2013, jiergong 5, nûmer 6).
- Skrabje. Ta gelegenheid fan de útrikking fan de Rely Jorritsma Priis 2013 is der in spesjaal Rely-nûmer útjûn fan it literêre tydskrift Ensafh , mei dêryn ûnder mear it ferhaal Skrabje (septimber 2013, jiergong 5, nûmer 4).
Losse nûmers fan Ensafh binne foar €7,25 te keap.
De Moanne
Stifting De Moanne
- Helden, in stik oer oarloch en leafde, grimmitigens en betizing, en dat it der ta docht watfoar ferhalen wy inoar fertelle, yn De Moanne, jiergong 22, nûmer 1, febrewaris 2023.
- Ynterview mei Nina Hiddema, direkteur fan Omrop Fryslân, oer ûnder mear kwaliteit tsjinoer kwantiteit, harkje nei meiwurkers en publyk, de taak fan de Omrop en it fertellen fan ferhalen yn De Moanne, jiergong 19, nûmer 1, maart 2020.
- Ynterview mei Janneke Spoelstra oer ûnder oare har nije roman De parallaks en har nije dichtbondel Wij yn 'e draaimûne yn De Moanne, jiergong 18, nûmer 1, maart 2019.
- Ynterview mei Lida Dykstra oer ûnder oare har boeken Wenje yn in skilderij, De huodsjes fan Mata-Hari en De weddenskip yn De Moanne, jiergong 17, nûmer 7, desimber 2018.
- Grenadine. Fryske bewurking fan in ferhaal dat de Publieksprijs Indische Bladzijde krige (sjoch Prijzen) op de webside fan De Moanne (21 juli 2016).
- Albert – Brusselske waffels – Camus. Bydrage oan de webside fan De Moanne yn it kader fan 'De lêzende mins' (18 maart 2016).
Losse nûmers fan de Moanne binne foar €8,00 te keap.
Friesch Dagblad
Vereniging Het Friesch Dagblad / Mediahuis Noord
- Ferhalen fan de fjoertoer fan Langerhin. Eltse moanne in koart ferhaal yn it Friesch Dagblad (fan 1 febrewaris 2017 oant 2 jannewaris 2019).
- Match. Nei oanlieding fan de Ferhalewedstryd 2015 is yn it Friesch Dagblad it ferhaal MatChpublisearre, oer in kloklieder en hoe 't dingen totaal oars rinne kinne as ferwachte (11 april 2015).
Revisor: Nacht
De Bezige Bij / Stichting Revisor, augustus 2017, #16
Nederlandse vertaling van het verhaal Nacht (zie Rely Jorritsma Priis 2016 onder Prijzen).
DJ Elle en oare LinKk ferhalen
Afûk, 2017 | Gearstald troch Marrit de Schiffart en Anna Marije Bloem
De moaiste, spannendste, grappichste, treurichste, bêste ferhalen út it tydskrift LinKk. Mei ûnder in hiel soad mear myn ferhaal Tomme omheech.
Te keap yn 'e boekhannel of fia de websjop fan de Afûk.
LinKk
Cedin | Sintrum Meartaligens
- Lústerje. Koart ferhaal foar de jongerein (jiergong 21, nûmer 2, novimber 2020).
- Retro. Koart ferhaal foar de jongerein (jiergong 20, nûmer 5, april 2020).
- Fallen. Koart ferhaal foar de jongerein (jiergong 19, nûmer 1, septimber 2018).
- Katdo. Koart ferhaal foar de jongerein (jiergong 18, nûmer 4, febrewaris 2018).
- Tomme omheech. Koart ferhaal foar de jongerein (jiergong 17, nûmer 3, desimber 2016).
Gouden tijden, zwarte bladzijden: Sporen
dewebschrijvers.nl / CPNB, juni 2013
Voor de verhalenwedstrijd in het kader van het boekenweekthema van 2013 'Gouden tijden, zwarte bladzijden' heeft Abdelkader Benali uit 350 inzendingen de 25 beste verhalen gekozen, waaronder het verhaal Sporen. De hele bundel is online te lezen en is ook in beperkte softcover oplage geproduceerd.
It grutte foarlêsboek
Afûk, 2013
Ferhaaltsjes, ferskes en gedichtsjes foar jonge bern. Neist it wurk fan in hiel soad kollega's is ek myn ferhaal Herjstkat te finen, yllustrearre troch Mirjan van de Hel.
Allinnich noch twaddehâns te krijen of fia de App Store.
Thuis in Friesland
Terra Lannoo, oktober 2008 | Tekst: Baukje Zijlstra, Fotografie: Roelof van der Schaaf
Rijk geïllustreerd overzicht van geschiedenis, cultuur en natuur van Friesland.
Bekijk de boektrailer. Alleen nog tweedehands verkrijgbaar.
Eendagsvliegen
YouTube, maart/april 2012
Onder de vlag van Compano Tekst en Beeld hebben Roelof van der Schaaf en ik in het voorjaar van 2012 (zeer) korte tijd geëxperimenteerd met de combinatie tekst, beeld en geluid.
Uitgangspunt was om binnen een dag (vandaar de naam) te brainstormen, schrijven, beeld en geluid erbij te maken en het filmpje online te zetten. Al was het maar om te ervaren hoe het is om op paasmaandag met een voicerecorder boven een pan met kokende eieren te hangen: