It wiene trije magyske wiken yn Villa Joanna yn Barcelona. Hoe dat ûnder wurden te bringen?
Lykas earder sein haw ik de skriuwresidinsje brûkt om mei Pytrik Lautenbach en Pier Landman it yn kaart bringen fan libben en wurk fan dada-dichter/keunstner Hannah Tesselschade wer op te pakken. Mar sjoen de kwetsberens fan it wurkproses en it wer byinoar bringen fan Pier en Pytrik, haw ik harren tasein dêr no earst gjin meldingen oer te dwaan.
Lykwols, ek los dêrfan is it my suver ûnmooglik de ûnderfining fan dy trije wiken yn in tekst ûnder te bringen. Dêrom haw ik by wize fan ferslach mar in pear wurden opfiske, de earste dy’t my yn ’t sin kamen doe’t ik derfoar sitten gie en oan Barcelona tocht, en haw ik dêr wat omhinne skreaun.
It resultaat is te lêzen op de webside fan Ljouwert City of Literature.