Nei in lange dwaaltocht troch de einleaze gongen fan it gygantyske hotel, fyn ik einliks myn keamer werom.
Deawurch plof ik del op it bêd en helje myn telefoan foar it ljocht. Ik baai my yn it skermljocht as is it de opkommende sinne, it middelpunt dêr’t de wrâld omhinne draait. Wat moat ik dochs mei dit wûnderlike apparaat? It is as tûzen ruten op ’e wrâld, tûzen postbussen oan in lange gedachtegong. Ik begjin te typen.
Mail fan: Pytrik Lautenbach
Oan: Pier Landman
Underwerp: Fraachje
1 april 2022
Bêste Pier,
Wat ik my ôffreegje: moatst in sjeny wêze om dyn wurk ûnfoltôge te litten? [1] Moatst in man wêze om dyn wurk ûnfoltôge litte te kinnen en dochs serieus naam te wurden?[2] Wurdt it wurk fan in frou überhaupt net as in ‘wurk’, in oeuvre, in gehiel sjoen?[3] Is in keunstwurk yn prinsipe altyd ûnfoltôge? Einiget it ideale keunstwurk mei mear fragen as antwurden? Meist dy fragen ûnûnderbrusten stellen bliuwe, alhoewol’t in soad stylgoeroes beweare datst oppasse moatst mei tefolle fragen stelle yn in tekst? Meist al dy fragen ûnbeäntwurde litte, oant yn ’e ivichheid? [4] Is it tafal dat myn ferhaal 11[5] fuotnoaten hat?
XXXXXXXXXXX,
Pytrik
[1] Sjoch ûnder oaren Kafka, Bakhtin en Benjamin.
[2] Oer Franz Kafka: ‘syn ûnfoltôge wurken’; Oer Ingeborg Bachmann: ‘har iennichste foltôge roman’.
[3] Sjoch ynterview Kate Atkinson, of wie it Ali Smith?
[4] Zijlstra: Foar in koarte gedachtegong oer ‘ivichheid’, sjoch myn ferhaal foar it projekt ‘Utsteld gelok’ – ûnderdiel fan de triënnale Arcadia yn Ljouwert fan maaie 2022 ôf – mei de titel ‘Lytse kategismus fan gelok’/‘Kleine catechismus van geluk’. It wurdt noch oerset nei it Ingelsk, dy titel wit ik noch net. Foar in lange gedachtegong oer de glydzjende skaal tusken fiksje en non-fiksje sjoch it Frysktalige essay ‘Bewege yn nimmenslân’ yn Ensafh nûmer …
Ik: Hé, dêr bist einliks wer ris. Ehm … dit kin net hear. Arcadia leit as we speak yn de takomst.
Zijlstra: Makket net út, wilens leit Arcadia sels yn it ferline; it ferhaal sil ivich trochgean.
[5] Dat slacht no fansels nergens mear op, sjoch ek it neikommende bloch mei de List mei Ferliezen.