Il mondo reverso - yntro

Gepubliceerd op 1 april 2026 om 07:00

Fan 2020 oant 2022 folge ik in master Keunstedukaasje oan Academie Minerva yn Grins. It earste semester wie wijd oan artistyk ûndersyk, wat koart troch de bocht omskreaun wurde kin as ‘ûndersyk dwaan troch keunst te meitsjen’.

As skriuwer wie ik dêrby nochal oan it wrakseljen mei it ûnderskied tusken ‘skriuwen as keunst’ en ‘skriuwen as ûndersyk’. It measte artistyk ûndersyk yn Nederlân waard doetiids dien troch byldzjend keunstners en musisy, wêrby’t it portfolio it artistike wurk befette, dat meastal teoretysk ûnderboud waard troch in supplemint dat út tekst bestie. Yn myn gefal bestie lykwols sawol supplemint as portfolio út tekst, wat betizing feroarsake. Yn earste ynstânsje koe ik ek hielendal gjin foarbylden fine fan artistyk ûndersyk troch skriuwers. Glêshurd rûn ik oan tsjin de fraach: as skriuwen de keunst is, hoe dochst dan eins artistyk ûndersyk?

 

Yn de hjerst fan 2021, by it skriuwen fan it ûndersyksfoarstel foar myn skripsje, kaam ik ta de konklúzje dat ik fersterking nedich hawwe soe om de fraach nei it hoe en it wat fan skriuwen as artistyk ûndersyk beäntwurdzje te kinnen. Ein 2020 hie ik alris gearwurke mei Pytrik Lautenbach en Pier Landman oan it essay Botsende karakters (Zijlstra, 2021).[1] Sy liken my de oanwiisde persoanen om my te helpen by myn ûndersyk. Pytrik Lautenbach wie earder pyrotechnikus, mar is tsjintwurdich skriuwer fan benammen non-dramatyske teaterteksten. Dêrom frege ik har foar it ûnderdiel ‘skriuwen as keunst’. Pier Landman wie earder gemeente-archeolooch, mar is tsjintwurdich selsstannich ûndersiker en publisist. Dêrom frege ik him foar it ûnderdiel ‘skriuwen as ûndersyk’. Doel fan ús mienskiplike eksperimint wie dy twa wizen fan skriuwen by inoar te bringen – en dan bedoel ik écht te ferienigjen – yn ien dokumint dat sawol yn de akademyske as yn de literêre wrâld akseptabel wêze soe. Mei ús trijen gongen wy op syk nei in saneamde ‘tuskentaal’. Dat soe úteinlik yn ’e simmer fan 2022 resultearje yn de masterskripsje Als schrijven de kunst is / Il mondo reverso; een artistiek onderzoek naar het ontwikkelen van een tussentaal die schrijven als kunst verbindt met schrijven als onderzoek (Zijlstra, 2022).

 

Spitigernôch moat ik der fuort by sizze dat it resultaat in dokumint waard dat nóch yn de akademyske wrâld nóch yn de literêre wrâld akseptabel wie. It hiele projekt soarge úteinlik benammen foar twaspjalt yn de gearwurking tusken ús trijen. Dat gie sels safier dat it in negative ynfloed hie op in projekt dêr’t Pier en Pytrik yn dyselde tiid oan wurken: it ûndersyk nei libben en wurk fan dada-dichter/keunstner Hannah Tesselschade. Mei dêrtroch is de publikaasje dy’t diel útmeitsje soe fan dat projekt noait ferskynd. No’t wy yn it ramt fan in skriuwresidinsje yn Barcelona beseletten hawwe dat projekt mei ús trijen ûnder de wurktitel Diggelfjoer / Alfabetysk labyrint wer op te pakken en de diggels derfan te transformearjen ta eat wat hooplik oait in boek wurde kin, like it ús sinfol te sjen wat der hast fjouwer jier letter noch brûkber is fan dat eardere eksperimint om skriuwen as artistyk ûndersyk hinne. Om goed te meitsjen dat mei troch myn tadwaan de dingen rûn binne sa’t se rûn binne, stel ik myn webside dêr beskikber foar.

 

No’t it net mear in papieren omkearboek oanbelanget, giet der in soad ferlern út de oarspronklike skripsje. Yn ’t foarste plak driget it wat te wurden dat it yn djipste wêzen net is: in lineêr ferhaal. Miskien dat wy al dwaande de ynherinte yntertekstualiteit fan it ynternet just brûke kinne om dat tsjin te gean, mar dat sil dan ûnderdiel fan it eksperimint wurde. Fierders hawwe wy it foarnimmen in ynventarisaasje te meitsjen fan wat der ferlern giet yn de transysje fan papieren nei digitale publikaasje, hoopjend dat wy dêr yn ien muoite troch konklúzjes út lûke kinne dy’t wy yn 2022 net lûke koene of woene. Mar sjoen it kanaal (kroandeade webside), middel (anagronistysk blog mei fierstente folle tekst) en taal (it Frysk) is dit yn ’t foarste plak part fan it eksperimint ‘Hoe ûnsichtber kinst wêze?’.

 

Likegoed: om ús amper-potinsjele lêzers net fuortendaliks te ferfelen mei lapen teoretyske tekst, begjinne wy mei it part dat noch it meast it predikaat ‘ferhaal’ fertsjinnet: de kant fan Pytrik. Yn it omkearboek dat de skripsje wie, waard dat part Il mondo reverso[2] neamd, in titel dy’t wy hjir hanthavenje sille. Oars as yn de oarspronklike, foar it grutste part Nederlânsktalige skripsje sille wy dit ferhaal publisearje yn de taal dêr’t it yn konsipiearre is: it Frysk. Al waard in grut part fan de akademyske dialooch fansels yn it Ingelsk fierd, of leaver: yn it oerset-Ingelsk fan teksten dy’t oarspronklik bygelyks yn it Frânsk, Dútsk of Nederlânsk ferskynd binne. Dêrmei sitte wy fuortendaliks yn it hert fan ien fan de swierrichheden fan skriuwen as artistyk ûndersyk yn in globalisearre wrâld: de meartaligens.

 

As akademysk oplaat ûndersiker hie Pier de measte muoite mei de útkomsten fan ús ûndersyk doetiids. Wylst Pytrik har kant fan it ferhaal docht, sil hy der oer neitinke oft en sa ja hoe’t hij syn eigen oandiel yn it gehiel presintearje wol. Dat it inoar oanfoljen en beynfloedzjen fan harren wurk yn it omkearboek no ûntbrekt, nimme wy salang dan mar foar leaf. Relatyf nije foarmen fan ûndersyk fereaskje fansels eksperiminten mei ûnwisse útkomsten, mar sels binnen dat ramt hiene doetiids oare, bettere karren makke wurde kind, dêr binne wy it wilens wol oer iens. Al bliuwt de skripsje it basisdokumint, wy wolle tagelyk besykje in helderder byld te sketsen fan wat skriuwen as artistyk ûndersyk en yn dat ramt tuskentaal wie, is, wêze kin en/of oait wurde kinne soe.

 

De earste ôflevering fan Pytrik har ferhaal folget kommende freed 3 april 2026. Wy binne fan doel dêrnei alle freeds wat te publisearjen. Foar wa’t Pytrik in bytsje ken: dat de tekst hjir ûnder hannen 1111 wurden hat, is fansels gjin tafal.

 

Ljouwert/Langerhin/Venetië, 1 april 2026

 

Baukje, Pytrik & Pier

 

“Just because a goal is unattainable, that doesn’t mean we can’t take it as a goal and make progress toward it. If we decide it’s desirable, we can figure out which steps move us closer – even though we never actually get there.”

 

 – Peter Elbow, Vernacular Eloquence; What Speech Can Bring to Writing

 

[1] Foar alle neamde literatuer, ek yn de stikken fan Pytrik hjirnei, sjoch Boarnen yn it menu.

[2] “The Roman Saturnalia and the Celtic festival Samhain both honour a Lord of Misrule. The period of the festival overturns the normal strict hierarchies of class, wealth and gender. The Italians at carnival call it il mondo reverso – the world turned upside down. High becomes low, low becomes high, women tell men what to do, and there’s plenty of cross-dressing too.” (Boarne: Winterson, 2016: p. 281).

 


Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.