Il mondo reverso - sêne 1

Gepubliceerd op 3 april 2026 om 07:00

Wêr begjint in ferhaal? Brek my de bek net iepen. Einleas lang bleau ik – bleaune wy, moat ik eins sizze – hingjen yn de earste sêne, lit ik dat no mar efkes de begjinsène neame:

 

“De wrâld haw ik sjoen, mar altyd by nacht, lykas no. De haadstêden fan dizze wrâld kenne foar my amper geheimen, want oeren, dagen, wiken, moannen haw ik trochbrocht yn harren stegen en strjitten, lijtes en leanen, op harren pleinen en yn harren parken. Mar it grutste geheim droech ik by my: it geheim fan it fjoer, fan it ljocht en fan it fjoer.

 

Ik hâld fan de nacht. Wat soe it ljocht wêze as der gjin tsjuster wie? Sint-Petersburg yn de simmer, om noch mar te swijen fan Yslân, Grienlân, de Skandinavyske lannen: ik hie der simmerdeis neat te sykjen, en dat is mar goed ek, want ik soe der foar de tiid gek wurden wêze. Wite nachten binne oan my net besteed, al hoech ik my sa stadichoan nergens mear drok om te meitsjen: út it rjochtereach is it ljocht al hielendal ferdwûn, en it linkereach sil wierskynlik ek rap minder wurde.

 

It missen fan it sicht is lykwols heechút de definitive punt achter it ferhaal, it wie al ôfrûn mei it missen fan de fingers, de skea fan dy iene nacht. Tink mar net dat ik it net wit, dat se my efter myn rêch om Pyro-Pytrik neame. Ik bin it wol wend, dat ik by fan alles neamd wurd behalve by myn namme. Yn it ynternasjonale fermidden dêr’t ik doedestiids yn omsloech hie eltsenien in bynamme dy’t troch alle nasjonaliteiten út te sprekken wie, hoe koarter hoe better. Op it hichtepunt fan myn karrière hiene se oan ien letter genôch: P. Dat koe der mar ien wêze, dat wie ik.

 

In pyrotechnikus hat as it goed is oerûntwikkele sintugen. Moatst altyd op dyn iepenst wêze, eagen yn ’e achterholle hawwe, earen as fan in hazzewynhûn, fingers dy’t yn it tsjuster sjen kinne. It wurk is in tredde part technyk, in tredde part ynternalisearde feilichheidsregels en in tredde part yntuysje. By my wie it op ’t lêst suver hûndert persint yntuysje, en dat gie hiel lang goed, poerbêst mei ik wol sizze, oant dy iene nacht. Sûnt dy tiid brûk ik al myn sintugen, of leaver de oantinkens dy’t dy sintugen my besoarge hawwe, foar wat oars: skriuwe.

 

Slachtofferhelp haw ik doedestiids ôfslein. Ik hoech net te ferwurkjen wat der bard is. Ik haw it fjoermeunster rjocht yn ’e bek sjoen, en sadra’t it koe bin ik foar de spegel sitten gien en haw dach sein tsjin dat oare meunster, in wyfke ditkear, dat my mei ien dof each oanseach. Posttraumatyske stress dêr doch ik net oan, ik haw der wat betters op fûn: ik bin weromgien nei myn berteplak en wenje no al wer in hiel skoft yn de âlde fjoertoer fan Langerhin. It ljocht docht it noch.”

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.