Schrijfresidentie in Barcelona

Yn it ramt fan in útwikseling tusken de UNESCO Cities of Literature Barcelona en Ljouwert bin ik fan 13 april oant en mei 3 maaie 2026 foar in skriuwresidinsje yn Villa Joana yn Barcelona.

Lees meer »

Diggelfjoer / Alfabetysk labyrint

Yn it ramt fan in skriuwresidinsje yn Villa Joana yn City of Literature Barcelona sil ik mei Pytrik Lautenbach en Pier Landman it yn kaart bringen fan libben en wurk fan dada-dichter/keunstner Hannah Tesselschade wer oppakke, ûnder de wurktitel Diggelfjoer/Alfabetysk labyrint: nocht oan!

Lees meer »

Nachtfanfare

Yn de Moanne nûmer 4 fan desimber 2025 (jiergong 24) is yn de rubryk De Nacht it ferhaal 'Nachtfanfare' opnaam, mei in moai, ferdjipjend byld fan Linus Harms.

Lees meer »

Helden yn de Moanne

Yn de earste Moanne fan 2023 stiet myn stik 'Helden', dat giet oer fan alles behalven oer helden, bygelyks oer oarloch en leafde, oer grimmitigens en betizing, oer dat it der ta docht watfoar ferhalen wy inoar fertelle.

Lees meer »

Utsteld gelok op paradyslike plakken yn Fryslân

Tusken 7 maaie en 14 augustus 2022, eltse dei fan de 100 dagen dat it kultureel programma Arcadia duorret, bringt Utsteld gelok fan Ljouwert UNESCO City of Literature in nij ferhaal op hieltyd in oar, paradyslik plak yn Fryslân: 100 dagen, 100 ferhalen, 100 skriuwers, 100 lokaasjes.

Lees meer »

Bewege yn nimmenslân

Yn Ensafh nûmer 1 fan 2022 is myn essay 'Bewege yn nimmenslân' opnaam, oer it Deiboek fan in Fryske soldaat yn Yndië fan Freark Beuckens, it haadstik oer dit deiboek yn Op klompen troch de dessa fan Hylke Speerstra, de stikjes yn datselde boek oer it befelwegerjen fan ús heit doe't er yn Yndonesië siet, en de roman De koma-korrektor dy't ik úteinlik skreaun haw oer it Yndië-ferline fan ús heit.

Lees meer »

Boekewikegeskink Hanna Bervoets ek yn it Frysk

Fan sneon 29 maaie oant snein 6 juny is it Boekewikegeskink fan Hanna Bervoets ek yn it Frysk te krijen, sawol yn as bûten Fryslân: in ferhaal dat yndruk makket en in prachtich kadoboek. Yn de Ljouwerter Krante in ynterview fan Elisabeth Post mei Bervoets oer har boek Wat wy seagen en mei mysels oer de Fryske oersetting dêrfan.

Lees meer »

In Ensafh fol tkf's

It lêste nûmer fan Ensafh fan 2020 is foar it grutste part wijd oan it tige koarte ferhaal (tkf ). Oarspronklik soe dit it nûmer wêze by de Lange Koartproazajûn dy't yn novimber holden wurde soe yn De Bogt fen Guné yn Frjentsjer, mar dy't spitigernôch fanwege korona net trochgean koe.

Lees meer »

‘Ferhalen fertelle sit yn it DNA fan Fryslân’

Ynterview mei de direkteur fan Omrop Fryslân Nina Hiddema oer ûnder mear kwaliteit tsjinoer kwantiteit, harkje nei meiwurkers en publyk, de taak fan de Omrop en it fertellen fan ferhalen yn De Moanne, Jiergong 19, nûmer 1, maart 2020, side 24-29, troch Baukje Zijlstra.

Lees meer »

BoekWinterBoek yn Snits

Freed 31 jannewaris 2020 sil yn Café de Bakkersdochter yn Snits BoekWinterBoek plakfine, mei meiwurking fan Henk van der Veer, Willem Schoorstra, Baukje Zijlstra, Sipke de Schiffart en Klaas Jansma. Ynrin fan 20.00 oere ôf.

Lees meer »

Útnûging D.A. Tammingapriis 2019

Graach sjogge wy jo kommen op freedtemiddei 21 juny, om 15.30 oere by Tresoar, Gysbert Japicxseal, Bûterhoeke 1, Ljouwert, wannear’t de D.A. Tamminga Priis foar de tredde kear útrikt wurde sil, diskear foar it bêste Fryske proazadebút sûnt 2014. Baukje Zijlstra krijt de priis foar har debútroman De koma-korrektor.

Lees meer »

Fleur

It ferhaal Fleur is skreaun yn it kader fan it projekt Spijtproza fan Explore the North, mei tank oan Hinke Dorenbosch foar it dielen fan har libbensferhaal, dat it útgongspunt foarme.

Lees meer »

1e Ids de Beer-lezing in Theaterkerk Nes

In vrijheid kiezen is het thema van de nationale herdenking en viering van 4 en 5 mei in 2019. In de aanloop hiernaartoe organiseert Theaterkerk Nes (Noardeast-Fryslân) op woensdag 17 april om 19.30 uur de eersteIds de Beer-lezing met sprekers en muziek rondom dit thema.

Lees meer »

In eigen plak op 'e wrâld

Ynterview mei Janneke Spoelstra oer ûnder oare har nije roman De parallaks en har nije dichtbondel Wij yn 'e draaimûne yn De Moanne, Jiergong 18, nûmer 1, maart 2019, side 38-41, troch Baukje Zijlstra.

Lees meer »

In kattelibben

Op 10 febrewaris 2019 is de kollum 'In kattelibben' pleatst op de webside fan Ensafh. Sjoch/lês fierder op Ensafh.

Lees meer »

Fuort mei it hokjetinken

Ynterview mei Lida Dykstra oer ûnder oare har boeken Wenje yn in skilderij, De huodsjes fan Mata-Hari en De weddenskipyn De Moanne,Jiergong 17, nûmer 7, desimber 2018, side 42-45, troch Baukje Zijlstra.

Lees meer »

Explore the North 2018: Spijtproza

Yn opdracht fan UP! Nederland en Explore the North, dat behalven in festival ek in ynterdissiplinêr produksjehûs is foar literatuer, taal en meartaligens, haw ik Fleur skreaun. Dit ferhaal wie ûnderdiel fan it projekt Spijtproza, fictie zonder scrupules, verteld door ouderen:

Lees meer »

Lêzing In hutkoffer fol ferhalen

De Fryske roman De koma-korrektor giet oer Betty Vonk, korrektor by in krante, dy't tegearre mei har heit, Siemen Vonk, dwaande is in boek te skriuwen oer syn Indië-ferline, as heit ynienen yn koma rekket.

Lees meer »

Een grote sprong voorwaarts

Na de verhuizing naar het overigens prachtige gebouw Rozet, en na de invoering van de zogenaamde retailopstelling (dat men in de bibliotheekwereld maar snel van deze Grote Dwaling terug mag komen), waarbij je gegarandeerd niks meer terug kunt vinden, waren de vier planken met Friese literatuur ineens verdwenen uit de bibliotheek van Arnhem.

Lees meer »

In grutte sprong foarút

Nei de ferhuzing nei it fierders prachtige gebou Rozet, en nei de ynfiering fan de saneamde retailopstelling (dat men yn de biblioteekwrâld mar gau weromkomme mei fan dizze Grutte Dwaling), wêrby'st garandearre neat mear weromfine kinst, wienen de fjouwer planken mei Fryske literatuer ynienen ferdwûn út de biblioteek fan Arnhim.

Lees meer »

Fage kunde of goede freon?

Goh, hoe moat ik dat gefoel no ûnder wurden bringe? Ien Rely Jorritsma Priis is in tafalstreffer, fage kunde dy 'st moetest yn de kroech: gesellich mar frijbliuwend.

Lees meer »

De ûndertoan, net de muzyk

Wat is it dochs dat my oanlûkt yn minsken dy 't út 'e toan falle, oan nee-sizzers? Us heit wie in nee-sizzer (sjoch it foarige blogje), mar dat sil dochs net alles wêze, want hiel lang wie ús heit no net fuortendaliks myn grutte foarbyld, wylst ik dy foarkar foar nee-sizzers, foar bygelyks seerôvers (Sandokan!) en Robin Hoods, al te pakken hie doe 't ik noch in lyts famke wie.

Lees meer »

Puzzel

Om de draad van het boek over Indië weer op te pakken, bladerde ik door het fotoalbum van mijn vader. Voor het eerst viel me op hoe dat album uit de toon valt met andere albums van Indië-veteranen die ik heb gezien.

Lees meer »

Ik haw keazen

Hast in jier lyn begûn ik te wurkjen yn in mear as fulltime baan op oardel oere reizigjen fan myn hûs. Dat betsjutte wurkdagen fan minimaal tolve oeren, in grimmitigens/bewûnderings-relaasje mei de NS en wykeinen dy’t yn it bêste gefal opgienen oan útteld op de bank lizze.

Lees meer »

Kieze of net kieze, dat is de fraach

It wie myn doel in werklik twatalich blog te skriuwen, dan wer skreaun yn de iene taal, dan wer yn de oare, krekt sa as ik yn it deistich libben beide talen trochinoar brûk, sûnder der in oersetting by te jaan.

Lees meer »

Stof tot nadenken

Vandaag was ik nog even bij Polare in Arnhem. Ik verkeerde in de naïeve veronderstelling dat ik daar misschien nog wel een papieren agenda van 2014, die ik plotseling nodig meende te hebben, zou kunnen krijgen.

Lees meer »

De H fan Hûs

Huzen dy't in eigen wrâld wjerspegelje yntrigearje my. It makket my net safolle út hoe 't dy wrâld foarmjûn wurdt: mei wurden, mei ferve, mei hout of papier, as it mar útsprutsen eigen is, in wrâld dy't net al te ticht by it deistich libben leit, in mooglikheid om te ûntkommen.

Lees meer »

Momentopname

Ik hoop je te vinden in Cirebon in Indonesië. Het lijkt meteen raak. Uit de verhalen weet ik dat je hier in een schoolgebouw bivakkeerde en tegenover het hotel waar ik verblijf staat een voormalige MULO-school.

Lees meer »

Oerémis

It is hartstikke maityd. De krookjes brûze sûnt in wike ta de grûn út, de fûgels binne moarns ier en jûns let hielendal oerémis, it earste ljipaai is fûn. Oké, yn Gelderlân, mar dochs, it koe minder.

Lees meer »

Het Charlotte-Mutsaers-effect

In mijn blog van vorige week schreef ik over Forbidden Colours, het themanummer van Merry Christmas Mr. Lawrence, een film die is gebaseerd op het boek The seed and the sower van Laurens van der Post. Later kwam ik erachter dat dit boek deel uitmaakt van een trilogie die ook nog de titels A bar of shadow en The night of the new moonomvat.

Lees meer »

Ferbeane kleuren

As studint yn de jierren tachtich fan de foarige ieu tocht ik oprjocht dat we ûnderweis wienen nei in androgine maatskippij.

Lees meer »

Jiskebestimming

It is wer de tiid fan it jier dat der in bedrach fan myn rekken skreaun wurdt foar de begraffenisferiening dêr't ik neffens my al sûnt myn berte lid fan bin. Us heit en mem hawwe dat foar ús regele. Doe't ik achttjin waard, wie it tiid om de ferantwurdlikheid dêrfoar sels oer te nimmen.

Lees meer »

Gouden komkommer

Het was mijn eerste echte baan, een betrekking als corrector bij wat toen nog de Friese Pers Courantengroep heette. Bij indiensttreding werd je verteld dat het verplicht was lid te worden van een grafische vakbond.

Lees meer »

Prullebak

As ik witten hie wêr't ik oan begûn, dan hie ik it wierskynlik net dien: it hiele Joomla-taalbestand oersette yn it Frysk. Mar ik woe myn Joomla-website twatalich meitsje en ik woe it ôf ha foar de útrikking fan de Rely. It begûn mei 80 bestandsjes, dat wie efkes twa wike trochstome en klear, rûm op tiid. Mar doe kaam de aap út'e mouwe: dat wie noch net alles.

Lees meer »

Doe-het-zelf

Onlangs las ik in Lambert Giebels' biografie over Soekarno dat een van de gelukkigste periodes in zijn leven de jaren 1934 tot 1938 waren, toen hij vanwege zijn politieke activiteiten door het Nederlandse gouvernement verbannen was naar Endeh op het eiland Flores. Hier ontplooide hij allerlei creatieve activiteiten: hij ging schilderen, tuinieren, schreef en regisseerde zelf toneelstukken.

Lees meer »

Digifries

Ik bin in Fries om utens, mar no't dat stadichoan al langer duorret as ik oait tocht hie, begjin ik my ôf te freegjen: hoe Frysk bin ik noch? Fansels, ik bin berne yn Fryslân en Frysk is myn memmetaal, en dat jildt ek foar myn âlden en har âlden ensafuorthinne.

Lees meer »