Yn de tiid fan it artistyk ûndersyk nei tuskentaal dat Pier Landman en ik útfierden yn opdracht fan Baukje Zijlstra kaam dy begjinsêne hieltyd wer om ’e hoeke sjen.
Bygelyks yn de kursussen Foardrachtstechnyk foar skriuwers by Tryater en Literair podcasten fan it Letterenfonds, en yn ús skripsje – dy’t Baukje trouwens ûnder har eigen namme ynlevere hat foar de master Keunstedukaasje, mar dat fansiden – wie it sels myn iepeningssêne, yn twa talen, oan beide kanten fan it omkearboek dat it úteinlik wurde soe. In tekst út 2016, hin? (sjoch Ensafh nûmer 5R, jiergong 8). Fierhinne selsplagiaat[1] dus, al bin ik net de iennichste dy’t bekend is mei dat fenomeen, freegje dat mar oan Pier. Op ’t lêst koe ik it net mear hearre, al wiene it myn eigen wurden.
Doe’t Baukje my yn ’e hjerst fan 2021 frege oft ik as toanielskriuwster meiwurkje woe oan in ûndersyk dat skriuwen as keunst ferbine woe oan skriuwen as ûndersyk, wie my fuort wol dúdlik dat ‘skriuwen as keunst’ myn cup of tea wêze soe. Mar as ik witten hie dat ek fan my ferwachte wurde soe myn autobiografy ta ûndersyksmateriaal te meitsjen, dan hie ik daliks wol ‘nee’ sein. Wat yn myn keunst krekt autobiofragysk is en wat optocht, dêr hat net ien in bliksem mei te krijen. It giet om it ferhaal, dat is myn oertsjûging. Der wie ris …, dêr begjint it mei. Ivich skande dat dêr yn dat artistyk ûndersyk úteinlik dochs net genôch romte foar blykte te wêzen. It resultaat wie dan ek wat ik mar efkes ‘non-dramatysk teater yn it kwadraat’ neam: de teory hat it úteinlik wûn fan it ferhaal. Krekt wêr’t ik al bang foar wie, doe’t ik ien kear yn ’e smizen krige watfoar kant it útgean soe mei ‘skriuwen as artistyk ûndersyk’.
Likernôch fan it begjin fan ús mienskiplik eksperimint ôf oan fielde ik my weidrukt yn ’e marzje. Sa no en dan mocht ik in stikje Fryske tekst tafoegje, meastentiids in losse flodder op basis fan de freewriting-technyk dy’t diel útmakke fan de metoade, mar de rêchbonke fan it gehiel waard foarme troch de Nederlânsktalige teksten dy’t Pier ôflevere en dy’t naadleas oansleaten by de opliedingseasken en de akademyske setting. Neat tuskentaal. It lêste wat ik wol is dy perioade opnij belibje – hielendal sjoen it feit dat ik doedestiids dochs al midden yn in koroanadepresje bedarre wie – dat dêrom no mar efkes fast forward nei it brekpunt, dat it bêste ferwurde wurdt yn de neikommende mail dy’t ik yn desimber 2021 – of wie it dochs febrewaris 2022? – oan Pier stjoerde:
[1] Sjoch ek https://www.knaw.nl/publicaties/correct-citeren
Reactie plaatsen
Reacties