Il mondo reverso - sêne 3

Gepubliceerd op 17 april 2026 om 07:00

Pytrik Lautenbach

Brekpunt

Oan: Pier Landman                                     

21 desimber 2021

21 febrewaris 2022

Bêste Pier,

 

Dit moat my fan ’t hert: hoe’t de dingen no geane, dat is net hoe’t wy it ôfpraat hiene. Wy soene as gelykweardige partners oan dit ûndersyk meiwurkje, witst noch wol? En wy binne amper begûn of hast my achterlitten yn Langerhin, in gat yn de provinsje. Okee, in gat oan see, in havengat, ja ja, goed foar de longen; ús berteplak bûtendat, goed foar de ynspiraasje, dat is wis, mar likegoed in gat. Fan ’e moarn kaam ik bûtendat ta de ûnoangename ûntdekking dat ik hjir foarearst net wei kin: sûnder QR-koade meist nergens mear hinne. Do wist it, hin? Myn ôfkear fan smartphones, fan it hiele online libben, haw ik noait ûnder stuollen of banken stutsen. Dat no hast it ryk allinnich, en alle opskarrele fûns- en subsydzjejild ta dyn beskikking, hoe tafallich.

 

Ik hearde fan Baukje datsto út namme fan ús trijen in keynote fersoargje silst op it kongres Affinities + Urgencies in Language-based Artistic Research yn Venetië. Net dat ik dêrom jaloersk op dy bin: moatst wol in ôfgryslik grutte fantasy hawwe om in wittenskiplik ûnderboude útkomst optinke te kinnen fan datjinge dêr’t wy mei dwaande binne, dat ik snap wol wêrom’t se sels net gien is. Do leaver as ik, mar wat my wol stekt: ik bin net iens frége, wylst ik der al in heal libben lang fan dream om oait nochris it karnaval fan Venetië mei te meitsjen. Okee, net yn 2022, leafst yn de tiid foardat Napoleon kaam om it feest te ferbruien, lykas datsoarte mantsjes altyd docht, mar dat is in kwestje fan toverjen mei tiidfolchoarder, ien fan myn talinten, lykasto wol witst. Tiidreizgjen giet my makliker ôf as reizgje troch de romte, mar nim fan my oan: ik lit it der net by sitte, ik kom sa gau as mooglik achter dy oan. Nei alle gedachten tinkst der sels oars oer, mar do kinst allinne gjin goed byld jaan fan ús ûndersyk, dat is perfoarst útsletten. Dat is wat ik dy al hieltyd besykje dúdlik te meitsjen, mar ik haw net de yndruk dat dat boadskip ergens oankomt. Jins mûle iependwaan is ien ding, heard wurde is hiel wat oars (yndied, selsplagiaat, en dat is net foar it earst yn dit ûndersyk, so what?).[1]

 

Wat is eins de ynset? Makket it feit datsto fan hûs út archeolooch bist fan dy in bettere ûndersiker as ik bin? Ik jou fuortendaliks ta: artistyk ûndersyk is jong, dizich en noch net dúdlik definiearre, mar it sykjen nei in definysje heart by de wittenskiplike kant derfan. Do hast dyn woartels yn de wittenskip, al soene wy bêst ris in beam opsette kinne oer de legitimiteit fan dyn dissipline, dy’t dochs ek net hielendal frij is fan spekulaasje. Wat wy wonderlik genôch mienskiplik hawwe is de lichaamlikens, de sintúchlikens, it brûken fan tacit knowledge. Do hâldst fan graven, letterlik en figuerlik, fan mei de poaten yn ’e klaai stean, fan sjen, rûke, fiele nei it spoar werom. Nettsjinsteande de rotstreek dy’tst my no levere hast, bin ik der noch altyd fan oertsjûge dat wy tegearre mear berikke kinne as elk fan ús apart. Lit my hjir net sitte, Pier. Do hast kontakten yn ’e wrâld fan ’e macht, de wrâld dêr’t kennis bewarre wurdt, de wrâld dy’t ûnderfining hat mei jildstreamen en achterkeammerkes. Dochst in goed wurdsje foar my, al soe ik net witte by wa? Ik stean klear om à la minute yn de nachttrein nei Venetië te stappen, sa gau’t it sein op grien stiet. Ferjit my net, Pier, want dat komt dy djoer te stean. En ja, dat is in drigemint.

 

Nettsjinsteande alles wat der bard is, dyn BFF,

 

Pytrik

 

[1] Sjoch ek https://www.knaw.nl/nl/actueel/nieuws/zelfplagiaat-is-geen-plagiaat

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.