Al neigeraden der mear drank nei binnen getten wurdt, liket de Babyloanyske spraakbetizing (net tafallich in begryp út Genesis 11) hieltyd grutter te wurden, mar de konversaasje stûket gjin tel.
Elkenien liket wend te wêzen yn meartalich selskip te ferkearen, en mooglike misferstannen dy’t dêrtroch op ’e loer lizze wurde fleurich negearre. By it tredde glês prosecco (wa skinkt dochs hieltyd myn glês by?) doar ik my ek yn it petear te mingen. In dame mei koart, jiskeljocht ferve hier en felread stifte lippen pakt my by de earm en spriedt har oare earm yn in gebeart dat sa’t it liket de folsleine seal omfetsje wol.
Kristeva: It karnaval: in oerienkomst tusken it lichem, de dream, linguistyske struktuer en struktueren fan langst.
Under it masker wei, dat de boppeste helte fan har gesicht bedekt, glimket se my mysterieus ta.
Kristeva: Dy scene, dêr’t it karnavaleske diskoers it symptoom fan is – sa’t Bakhtin sizze soe – is de iennichste diminsje dêr’t
‘teater it lêzen fan in boek wêze kin, it skriuwen derfan yn wurking’.
Hieltyd set se mei har fingers parten fan har sprutsen tekst ‘tusken heakjes’. Ik haw sa’n fermoeden dat se dan oaren oanhellet, mar ik haw gjin idee wa allegear, sa belêzen bin ik no ek wer net.
Kristeva: Mei oare wurden, sa’n scene is it iennichste plak dêr’t diskoers syn ‘potinsjele ûneinichheid’ berikt, dêr’t
beheiningen – represintaasje, ‘monologisme’ – en harren transgresje – dream, lichem, ‘dialogisme’ – neist-inoar
besteane.
Ik folgje har net hielendal, mar knik en glimkje fatsoenlik, mei in skean each op de skalen mei gnocchi dy’t op tafel steane. Gjin idee hoefolle kilometer ik ôflein haw oer dy reade koarde, mar it is my net yn ’e kâlde klean sitten gien. Se sjocht my ris oan en lûkt in stoel foar my nei achteren. Tankber plof ik op it reade plús del. Neist my oan tafel sit in frou mei lang, brún hier en in Amerikaanske tongfal.
Leavy: Fiksje, mear as watfoar oare ûndersykspraktyk ek, daget streekrjocht de feit/fiksje dychotomy út en twingt ús om
opnij oer de grinzen tusken dy beide te ûnderhanneljen; bygelyks troch estetyske oantreklikens en oansluting by
sjenrekonvinsjes te kreëarjen.
Ik: Wêrom soest oanslute by sjenrekonvinsjes? Ik soe sizze ‘know the rules so you can break them’. Ik nim oan dat, om
nije foarmen fan skriuwen te finen tusken keunst en ûndersyk, feit en fiksje yn, it just nedich wêze sil om oer de
grinzen tusken sjenres en dissiplines hinne te gean.
Fuortendaliks wurd ik ôflaat trochdat boppe de midden fan de dûnsflier ien mei slongelich lange skonken oan in kroanljochter hinne en wer begjint te swaaien. It is in man sûnder masker. Ferrek, it is Pier! Net dat it my wat oangiet, wy binne úteinlik elk apart nei dit feest kaam, mar dochs fiel ik plakferfangende skamte. Yn ferlegenheid brocht kear ik my wer nei de frou neist my ta. Haw ik wat mist?
Leavy: Fiksjeskriuwers fiere wiidweidich ûndersyk út om leauweardigens te berikken, fergelykber mei sosjaal
wittenskippers. Leauweardigens ferwiist nei it kreëarjen fan in realistysk, autentyk en libbensecht portret, en it is it
doel fan sawol fiksje as fan fêstige sosjaal-wittenskiplike praktiken lykas etnografy.
Ik: Fiksje hoecht net perfoarst realistysk te wêzen! Fansels wurkje wy mei wat ‘suspension of disbelief’ neamd wurdt, it
útstellen fan it ûnleauwe, mar dat ferskilt folslein fan it platte sosjaal-realisme … sorry, ik bedoel de libbensechtheid
dêr’t sosjaal-wittenskippers nei stribje. Der moat romte wêze foar de ferbylding, sels foar de folslein ûnrealistyske
ferbylding. Miskien is dat wol wat ik mis yn art-based sosjaal-wittenskiplik ûndersyk.
Leavy: Libbensechtheid is bysûnder wichtich yn kwalitatyf ûndersyk. Yn oanfolling op it realistysk portrettearje wollen fan
ûndersyksdielnimmers en harren wrâld omwille fan it sa goed mooglik kommunisearjen fan harren befiningen,
hawwe ûndersikers noch in oare motivaasje foar it berikke wollen fan libbensechtheid: etyk. Undersikers hawwe in
etyske ferplichting om it libben fan minsken op ferantwurde en sekuere wize te portrettearjen.
Dêr haw ik net fuortendaliks in antwurd op. Ynienen makket de gedachtegong dêr’t ik yn rin in skerpe bocht nei links. In wâld fan fragen riist op oan wjerskanten fan dizze sydgong. Is it opdrave litten fan (oait) libbene persoanen yn wurk dat fiksje en non-fiksje mei-inoar ferbine wol by definysje ûnetysk? Just omdátst dan net krekt mear witst wat fiksje en non-fiksje is, wat ien wol of net sein, tocht of skreaun hat? Oare kant de tafel jout in frou it petear in justjes oare draai, en ferromme kear ik werom nei de haadgong. Ja, doch noch mar in glês.
Boarnen:
Kristeva, J. (1966). Word, Dialogue and Novel. New York: Columbia University Press.
Leavy, P. (2016). Fiction as Research Practice: Short Stories, Novellas and Novels. New York: Routledge.