Wêr dan ek en hoe dan ek, it wie in entree fan neat. ‘I’m so sorry’, begûn ik ûnbeholpen. Op dat stuit makke noch in oar bekend gesicht him los út ’e mannichte. It wie Pier, sûnder masker.
In hiele keppel klisjees fjouwere troch de gedachtegongen yn myn holle, ‘rêder yn need’ en ‘saved by the bell’ foarop, mar foar my hiene se de skientme fan ienhoarnen yn in nachtlik wâld. Pier sloech my in earm om ’e skouders en late my nei in lange tafel achter yn ’e romte, oait in balseal, skatte ik sa yn. Yn oare omstannichheden hie ik graach in snedige opmerking makke oer grinsoergeand gedrach, mar Tankberens snuorre my de mûle. Der waard my in glês prosecco yn ’e hân drukt dat ik yn ien kear achteroersloech. Fuortendaliks klonk de ringtone fan myn telefoan. Ik helle him út ’e bûse, drukte Baukje fuort, sette him op ’e fleantúchstân en registrearre yn ien muoite troch dat it klokslach 11 oere wie.
Op it stokâlde fiskgraatparket wrongen alderlei maskere figueren harren yn ’e frjemdste bochten. De measten liken net sa maklik yn harren fel te sitten dat harren bewegingen daliks it wurd ‘dûns’ oprôpen, mar it entûsjasme wie der net minder om. De maskere figueren oan tafel, dat wie in oar ferhaal, dat sa op it earste each definiearre wurde kinne soe as ‘It ferhaal fan de net-dûnsjende teoretisy’, mar dat soe oan in hichte ta bliken dwaan in foaroardiel te wêzen. Ta myn fernuvering stoarte Pier him yn it woeljen op ’e dûnsflier, sa gau’t er seach dat der foar my soarge waard, alteast: dat myn glês fuort wer byfolle waard.
Ik bin my derfan bewust dat ik te lang stilstean bliuw by dizze op himsels net bjuster nijsgjirrige sêne. Dat komt trochdat ik tsjin in probleem oan skytskoarje. Fanwegen de maskers koe ik der net wis fan wêze wa’t der allegearre tsjin my oer en oan wjerssiden fan my sieten, en al dy minsken – en/of wa’t se foarjoegen te wêzen – wiene my net fertroud genôch om se werkenne te kinnen oan harren lûd. Bûtendat brûkten de measten it soarte fan ûnpersoanlik akademysk Ingelsk dat wenst is yn rûnten fan teoretisy, dat sprekstyl wie ek gjin ûnderskiedend skaaimerk. Hoe ferslach te dwaan fan sa’n gearkomste? Wat beneamst ast it bistje net by de namme neame kinst? Ik haw it oplost troch alle figueren de namme te jaan fan dyjinge fan wa’t sy it masker droegen. Fierders stean ik nearne foar yn. Krekt yn dat fermidden heart dat fansels net sa, mar it is net oars. It gehiel is yn dit ferhaal belangriker as de dielen, de konversaasje belangriker as de yndividuele dielnimmers. Wylst ik dat konstatearje, negearje ik it triljen fan myn telefoan.[1]
Zijlstra: Dan mar sa’t wy begûn binne yn Als schrijven de kunst is: yn ’e marzje. Dat kin dus wier net hin, dêr krije wy problemen mei, al dy heale en hele sitaten sûnder krekt de
boarnen te neamen.
Ik: Jammer dan, dêr lit ik myn dialooch net troch ferpeste. De ûnbeskreaune ôfspraak yn dit part is dat ik hjir de baas bin.
Zijlstra: Betellest dan ek de rekken as wy de útjouwers op ús dak krije? Soargje der oars yn alle gefallen foar dat de teksten fierder fan de oarspronklike teksten ôf steane.
Ik: Dat kin net, ik moat it petear werjaan lykas it fierd waard, oars is it ferhaalferfalsking. Ik kin sokssawat tafoegje as: ‘Foar in wichtich part fan de gastelist, sjoch Boarnen yn it
menu’, en datsto dan in boarnelist op de webside setst?
Zijlstra: It bliuwt wat twiveleftich, mar wy kinne it sa besykje.
Ik: Yn alle gefallen set ik it net yn de breatekst, it bliuwt dêr’t it is: yn ’e marzje.
Reactie plaatsen
Reacties