Il mondo reverso - sêne 5

Gepubliceerd op 1 mei 2026 om 07:00

Dit is wat der echt barde. Op 28 febrewaris 2022, in blauwe moandei, kaam ik om likernôch tsien oere jûns oan op it stasjon Venezia Santa Lucia.

Ik daalde de brede treppen ôf nei it wetter en socht in plak op it bûtendek fan de faporetto dy’t my nei de feestlokaasje bringe soe. It wie de lêste nacht fan it karnaval, mar nettsjinsteande de koartseftige drokte wie de iennichste oare passazjier dy’t op dizze line foar de bûtenloft keas in âldere dame  yn in kersereade lange mantel. Foar de wissichheid liet ik har de achterkant fan in âld spykbriefke sjen dêr’t ik it adres op delkrabbele hie. Sa gau’t se myn hânskrift ûntsifere hie, makke se mei in koart knikje en in hânbeweging dúdlik dat se wist wêr’t dat wie en dat ik har wol folgje koe. Fierder die se der it swijen ta, nei alle gedachten omdat der net ien taal wie dy’t wy dielden, mar dochs wie ik har Tankber. It jûnstsjuster fan Venetië mei in boat trochkruse is in ûnderfining dy’t it bêst stilswijend ûndergien wurde kin. De súntsjes dúnjende ljochten fan oare boaten dy’t foarby farre, it skolperjende klotsen fan de weagen tsjin de skipswand, de langwerpige ferljochte bôgeruten fan de palazzo’s dêr’t figueren achter bewege as yn in skimmespul, de tsjustere sydkanalen dy’t dekmantel wêze kinne soene foar alles wat god en de paus ferbean hawwe, de ljochtgriene fiskige sleatswetterlucht dy’t oeral hinget, der binne gjin wurden foar …

 

Wér de telefoan, och sa yrritant. Efkes liet ik it yn my omgean Baukje fuort te drukken, mar ja, sy is úteinlik de opdrachtjouwer, en wie betaalt bepaalt, dat ik naam dochs mar op.

 

Zijlstra:  Mei my. Lykas wol faker smytst de tiden troch inoar, al falt der hjir wat foar te sizzen, mar wat echt net kin: ‘der binne                 gjin wurden foar’. Dat séíst dochs net? Dat betsjut de ein fan ús profesje.

Ik:           It is dochs sa? Ik basearje dat foar in part op eigen ûnderfining, simmer 2015 sis ik sa efkes út ’e holle. Mar wat ik ek

               rin te gûcheljen mei wurden, it hellet it net by wat ik doe werklik sjoen, heard, rûkt, field …

Zijlstra:  Dan gûchelest noch mar efkes troch. Skriuwe is skrasse, opnij skriuwe, skrasse, opnij skriuwe, ensafuorthinne.

               Do flikst it my net om krekt foar de ûntknoping de binnenbocht te nimmen.

 

By it wurd ‘ûntknoping’ hie ik it wer: koartsluting, knoop – rood – koord … Op itselde stuit realisearre ik my dat op syn minst tsientallen minsken nei my stiene te stoareagjen. Wie it omdat de telefoankonversaasje nochal heech begûn op te rinnen? Omdat ik beslist ûnelegant út it finsterbank fan in bôgerút tûmele wie? Omdat dêrby myn eachlapke ferskood wie en myn minne each heechstwierskynlik … Ik fielde hoe’t in waarme gloede my oer de wangen luts. Sa gau mooglik drukte ik de telefoan út, stoppe dy yn ’e bûse fan myn krytstreekbroek, luts it eachlapke rjocht en liet it oare each oer de mannichte gean. Ta myn ferbjustering seach ik ferskate bekende gesichten – Julia Kristeva, Hélène Cixous, Patricia Leavy, om der mar in pear te neamen – mar op itselde stuit realisearre ik my dat de gesichten gjin echte gesichten wiene mar maskers. Wêr wie ik bedarre?

 

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.