Il mondo reverso - sêne 8

Webb:        Ik ferûnderstel dat it oars is as kreatyf skriuwen it ûndersyk sels is. It is ûnder it skriuwen, en earder ûnder it          skriuwen as in ûntdekker dan as in ferslachjouwer, dat it ûndersyk ûntwikkele wurdt, en echt orzjinele kennis opboud wurdt. It giet om kreëarjen, net om rapportearjen.

Leavy wol dêr wat op sizze, mar Webb praat ûnfersteurber fierder.

Webb:        Kreatyf-ûndersikers bekroadzje harren ek om it opbouwen fan kennis – as dat net sa wie, soene sy al harren enerzjy wol stekke yn harren kreative praktyk en net yn ûndersyk – mar kennis binnen dit paradigma wurdt wierskynlik minder rjochte op probleemoplossing, teoretyske foarútgong of nuttige tapassingen, en mear op dingen oars sjen.

De iennichste man oan tafel, foar safier’t ik sjen kin – dat wol sizze: de iennichste mei it masker fan in man – mingt him no ek yn it petear.

McNiff:      De takomstige ynfloed fan keunst as ûndersyk hinget bot ôf fan hoe’t wy it presintearje. As wy de hjoeddeistige tendins folgje om artistike ûnderfining te rjochtfeardigjen troch it te fertalen yn sosjale wittenskip, sil it syn sekundêre, oanfoljende en marzjinale status sels fersterkje.

Op dat stuit springt de frou mei it jiskeljocht ferve hier op tafel, midden tusken de skalen mei gnocchi en de flessen prosecco, en begjint te dûnsjen. In oare frou, ek mei felread stifte lippen en koart hier, mar dan griis en strak achteroer kjimd, foeget har by har en leit har hannen om har middel. Ritmysk begjinne se harren wurden te sjongsizzen.

Kristeva:    It poëtyske wurd, mearsidich en mearfâldich,

folget in logika dy’t it kodifisearre diskoers te boppe giet …

Cixous:       Skriuw dysels! Dyn liif moat heard wurde!

Kristeva:    … en wurdt allinnich folslein ferwêzentlike

                   yn de marzje fan de erkende kultuer.

Cixous:       Skriuw dysels! Dyn liif moat heard wurde!

De man negearret harren, foar safier mooglik, begjint allinnich wat lûder te praten.

McNiff:      Om de grutste ympakt te realisearjen, moatte artistike resultaten presintearre wurde yn artistike foarmen, fansels yn kombinaasje mei effektive tekst en taal.

Ja, dat is no wer spitich fan dat lêste sinsdiel. Fierders bin ik it wol mei him iens, mar hoesa ‘fansels’ en wat is dat eins: ‘effektive tekst en taal’? Wêrom soene tekst en taal dan ynienen ‘effektyf’ wêze moatte yn stee fan artistyk? En slút dat inoar út, überhaupt, of slút dat inoar allinnich út as it giet om taal, om skriuwen, om literatuer? Gosh, dêr geane we wer. De holle begjint my te draaien, gedachtegongen rinne trochinoar, gjin idee oft dat fan de prosecco komt of fan it tempo dêr’t it petear yn fierd wurdt. Ik wol ek wat sizze mar bin hieltyd te let, en as ik de mûle iependoch, komt der gjin lûd út.

 

Boarnen:

Cixous, H. (1976). The laugh of the Medusa. Signs: Journal of Women in Culture and Society, 1(4), pp. 875-893, University of Chicago. Geraadpleegd op 18-9-2021 van https://www.jstor.org/stable/3173239.

Kristeva, J. (1966). Word, Dialogue and Novel. New York: Columbia University Press.

McNiff, S. (2020). Foreword. In R. Mateus-Berr & R. Jochum (Eds.). Teaching Artistic Research: Conversations Across Cultures (pp. 11-15). Berlijn: De Gruyter.

Webb, J. (2015). Researching Creative Writing. United Kingdom, z.p.: Frontinus Press.