Il mondo reverso - sêne 10

Schäfer:      Skriuwen is in performative en subversive praktyk, by steat om nije perspektiven te kreëarjen foar it útfinen fan skriuwstilen. De dekonstruksje fan akademyske taalspultsjes bliuwt needsaaklik en soe benammen ferrykjend wêze moatte foar it artistyk ûndersyksfjild.

Rasker:       Taal, benammen skreaune taal, is úteinlik sawol wapen as banier fan de macht. Dat is hoe’t minsken der nei sjogge, hoe’t der nei taal sjoen wurdt. Dus as skriuwer bisto óf de joker, de nar, de ferhaleferteller, dy’t negearre wurde kin omdatsto allinnich mar ferhaaltsjes fertelst, óf do sitst yn it spektrum fan de macht. Myn suggestje is dat de ferhaleferteller, de joker, de nar ek in grut part fan de wierheid yn pacht hat, en in oar soarte fan macht.

Schäfer:      De wichtichste ûndernimming fan queer writing en ‘frouljusskriuwen’ is om net allinnich te wizen op it gebrek oan queer en froulik ynformearre symboalyske oarder, mar om aktyf strategyen, plakken en subversive manieren út te finen dy’t machtsdiskoersen kape sille om oan harren rânen te skriuwen, praten en dwaan, om op in positive manier nije skriuwwizen út te finen, foar te stellen, te kreëarjen en út te fieren dy’t de útslettenen, de net-normativen, de ûnderhearrigen ensafuorthinne in stim jaan sille en sichtber meitsje sille. Net om ien nij regulatyf idee út te finen dat hieltyd opnij op deselde wize tapast wurdt, mar om konstant te reflektearjen op de needsaak om it ûnsichtbere sichtber te meitsjen, it net hearde hearber te meitsjen, ensafuorthinne. Fierder sil en soe dy needsaak troch de tiid hinne feroarje kinne, en it sil ferskillend wêze op ferskillende plakken en konteksten yn ’e wrâld.

Cixous:       (hat Kristeva loslitten en omearmet harsels) Skriuw dysels! Dyn liif moat heard wurde!

Kristeva:    (stampt wilens sa hurd mei har learzens op tafel dat in part fan har wurden ferlern geane yn it lawaai) Patologyske tastannen fan de siel, lykas waansin, spjalte persoanlikheden, deidreamen, dreamen en dea, wurde part fan it ferhaal […]. Tagelyk dogge dy har faak foar as in ferkenning fan taal en skriuwen. […] It makket gebrûk fan abrupte transysjes en feroaringen, heech en leech, rize en falle, en allerhande misalliances. […] It is in all-inclusive sjenre, gearstald as in befluorring fan sitaten. It omfettet alle sjenres (koarte ferhalen, brieven, taspraken, mingsels fan poëzy en proaza) dêr’t de strukturele betsjutting fan is om de ôfstân fan de skriuwer ta syn eigen en oare teksten oan te tsjutten. […] Gearstald as in ferkenning fan it lichem, dreamen en taal, is dit skriuwen inte op de aktualiteit: it is in soarte fan politike sjoernalistyk fan syn tiid.

Laitsjend falle de twa frouwen op tafel inoar yn ’e earms, stappe dan fia harren stoel op ’e grûn en geane, noch nei hymjend, wer sitten. Harren dûns hat neat úthelle: de minsken oan tafel binne en bliuwe fierstente serieus, sy begripe neat fan karnaval, sa liket it, as dit al in karnavalsfeest is.

 

Boarnen:

Cixous, H. (1976). The laugh of the Medusa. Signs: Journal of Women in Culture and Society, 1(4), pp. 875-893, University of Chicago. Geraadpleegd op 18-9-2021 van https://www.jstor.org/stable/3173239.

Kristeva, J. (1966). Word, Dialogue and Novel. New York: Columbia University Press.

Rasker, M., sjoch ynterview fan 17 desimber 2021 yn Amsterdam en Zijlstra, 2022, Il mondo reverso, s. 22 en 28.

Schäfer, E. (2020). Writing as artistic research. In R. Mateus-Berr & R. Jochum (Eds.). Teaching Artistic Research: Conversations Across Cultures (pp. 84-94). Berlijn: De Gruyter.

Zijlstra, B. (2022). Als schrijven de kunst is/Il mondo reverso; een artistiek onderzoek naar het ontwikkelen van een tussentaal die schrijven als kunst verbindt met schrijven als onderzoek. (Ongepubliceerde masterscriptie, Master Kunsteducatie, Hanzehogeschool Groningen.)