Il mondo reverso - sêne 11

Schäfer:      Faak is der nei skriuwen sjoen as jout it in eksplisyt ferbaal ferslach fan de ymplisite kennis dy’t stal jûn wurdt yn artistike praktiken en produkten, wylst keunst skynber net mei wurden ta útdrukking brocht wurde kin.

Ik wol nije benaderingen fan skriuwen fersterkje om artistyk ûndersyk te begripen as in fraach nei in dûbele lêzing wêryn’t men sawol rasjoneel as affektyf omgiet mei it ûndersyk dat men docht. Sadwaande kin artistyk ûndersyk noait ‘objektyf’ wêze, omdat it de wrâld sjen lit út ús lichaamlike perspektyf wei, net út it spirituele fûgelperspektyf wei fan in suver observearjend subjekt. Sa’n dekonstruksje fan de dualiteit fan lichem en geast wurdt al desennia lang bediskusearre yn poststrukturalistyske diskoersen. 

Cixous:       Jawis. Sensurearje it lichem en sensurearrest tagelyk siken en spraak. Sa’t ik sei:  Skriuw dysels! Dyn liif moat heard wurde! (se slacht mei de fûst op tafel)

Schäfer:      En it is net allinnich ‘myn’ liif of watfoar inkeldfâldich liif dan ek dat ‘heard wurde moat’, mar elk liif (any body) dat noch net heard en (be)skreaun wurdt.

Webb:        Miskien giet it, mear as wat dan ek, om de djipgeande wille foar de ûndersiker om tiid troch te bringen mei en in konversaasje te fieren mei it materiaal dat yn ’e rin fan it projekt sammele en ûntwikkele is. 

Schäfer:      It doel fan dit alles is om oan te toanen dat it dekonstruearjen fan de dualiteit fan lichem en geast en in nije tinkwize oer lichems en betsjutting ús tinkbylden en hoe’t ûndersyksdiskoersen stal krije beynfloedzje sille. Dêrnei sil skriuwen as trans-sensible exposure akademyske en keunstteoretyske taalspultsjes dekonstruearje en it artistyk ûndersyksfjild ferrykje.

Kristeva:    Karnavaleske struktuer is yn wêzen dialogysk. It is in spektakel, mar sûnder poadium; in spul, mar ek in deistige ûndernimming; in betsjuttingsdrager, mar ek in referint [PL: datjinge bûten de taal der’t in taalkundich elemint nei ferwiist]. Dat wol sizze, twa teksten moetsje inoar, sprekke inoar tsjin en relativearje inoar. In karnavalsdielnimmer is sawol akteur as taskôger; hy ferliest syn gefoel fan yndividualiteit, passearret in nulpunt fan karnavaleske aktiviteit en splitst him op yn in subjekt fan it spektakel en in objekt fan it spul. Binnen it karnaval is it subjekt redusearre ta neat(ichheid), wylst de struktuer fan de auteur tefoarskyn komt as anonimiteit dy’t kreëarret en himsels kreëarre wurden sjocht as sels en oar, as minske en masker.

Krekt op dat stuit fyn ik myn stim werom, al is it allinnich mar om wat te freegjen.

Ik:       Sorry, allinnich foar it ferhaal, kinne jimme asjeblyft wat mear útlizze oer …

 

Boarnen:

Cixous, H. (1976). The laugh of the Medusa. Signs: Journal of Women in Culture and Society, 1(4), pp. 875-893, University of Chicago. Geraadpleegd op 18-9-2021 van https://www.jstor.org/stable/3173239.

Kristeva, J. (1966). Word, Dialogue and Novel. New York: Columbia University Press.

Schäfer, E. (2020). Writing as artistic research. In R. Mateus-Berr & R. Jochum (Eds.). Teaching Artistic Research: Conversations Across Cultures (pp. 84-94). Berlijn: De Gruyter.

Webb, J. (2015). Researching Creative Writing. United Kingdom, z.p.: Frontinus Press.