Foardat ik myn sin ôfmeitsje kin, draait it folsleine selskip oan tafel syn/har/de holle myn kant op, sjocht my strak oan begjint, as út ien kiel, te skandearjen:
Sy: Dus do bist dejinge dy’t ús twingt in taal te praten dy’t net ús memmetaal is!
Dus jij bent het die ons dwingt onbegrijpelijke conversaties te voeren!
So it’s you, forcing us to kill a mockingbird, again and again!
Mei elke sin dy’t sy skandearje komme harren maskere gesichten driigjend tichterby. Se tuorje boppe my út, se driigje my te smoaren, ik haw in gefoel as sil ik beswymje en ûnder tafel ferdwine. Ik besykje in hân yn ’e broeksbûse te triuwen om myn telefoan tefoarskyn te heljen, Baukje te beljen, by need te appen: Doch wat! Mar ik bin al sa omsingele dat ik de earms net mear bewege kin. Wat no, Tom Poes? Ik wol it net, it is sa ôfgryslik klisjee, mar wat betters wol my net yn ’t sin komme. Ik doch de mûle iepen en raas sa hurd as ik kin: ‘Pier, help my!’
Heech boppe ús hollen slingeret in reade koarde as in lasso troch de loft en bliuwt stykjen oan de earms fan de kroanljochter. It folgjende momint sweeft der in persoan oan de koarde troch de loft, in man sûnder masker: Pier! Hy hinget mei de fuotten yn ’e lus fan de koarde (noait witten dat er sa akrobatysk oanlein is, dit is noch ris wat oars as in libbene piramide meitsje, hoe maklik is it eins om op inoars skouders te stean) en strekt de earms út yn myn rjochting. Mei in uterste krêftsynspanning wit ik my de earms los te wrotten en stek se de loft yn, mar ik gryp mis, en nochris.
Pas by de tredde kear besykjen gripe wy inoar fêst, stevich, en sa wit Pier my út ’e mannichte maskere persoanen omheech te lûken. Tegearre swaaie wy noch twa kear oer de folle breedte fan ’e seal boppe de hollen fan ’e feestfierders. Dan draait Pier ús in kwartslach, en ik sjoch wêr’t er hinne wol: it bôgerút dêr’t ik troch ynkaam bin stiet noch altyd waachwiid iepen. It is tsjuster bûten. Ik haw earlik sein gjin idee wat der oare kant dat rút is, op ’e hinnereis hie ik al myn konsintraasje nedich om it lykwicht te bewarjen en haw ik amper wat fan de omkriten meikrigen, mar ien ding wit ik wol: de reade koarde is dêr yn alle gefallen net mear.
By it wurde ‘koarde’ haw ik it wer: koartsluting, knoop – rood – koord …