Pier en ik sitte op ien fan de reade parkbanken yn it Biënnale-park oan de Viale Giardini Pubblici, mei útsjoch op de Lagune.
Ik wol net witte hoe’t ik der útsjoch, mar ik haw sa’n fermoeden dat my grouwe swarte streken fan de útrûne maskara fan it goede each oer it linkerwang rinne. Noch in skoftke en it sil ljocht wurde. Dat fyn ik ien fan de moaiste mominten fan de dei: de moarnsskimer. De oergong tusken tsjuster en ljocht, de magyske kwaliteit fan it ljocht op dat stuit, it fjoer oan ’e himel en dan it ljocht. Ik kin der gjin genôch fan krije. Alle dagen wer bin ik bliid dat ik dat meimeitsje mei, mar no is it ekstra bysûnder. Rjocht foar de parkbank oer dêr’t wy op sitte, wurdt de balustrade, dy’t hjir oeral by de wetterkant lâns rint, efkes ûnderbrutsen. Der steane twa ôfplatte pylders, krekt as wie der oait wol in balustrade, mar no is it ien fan de net al tefolle plakken dêr’tst streekrjocht it wetter yn kinst. It is in idioat plan, ein febrewaris, ik mien sels in flueske iis op it wetter fan de Lagune te sjen, mar der nestelet him in foarkestekker yn it inerlik ear dy’t ik net mear kwytreitsje: Nightswimming.[1] Ik sjoch fansiden, nei Pier. Hy sjocht werom. Sûnder wat te sizzen bûch ik my foaroer om de skuon út te dwaan – swijend docht er itselde – de sokken út te dwaan – swijend docht er itselde – de kersereade mantel (kersereade mantel? Hie ik dy dan?) los te knoopjen – koartsluting, knoop – rood – koord …
Nee, dochs net. As twa lytse seehûnen glide wy sa’t it liket gewichtleas troch it iiskâlde wetter. Wy wintelje ús yn wetter dat wa wit hoe djip út ’e Adriatyske See wei hjirhinne streamd is. Wy tommelje oer inoar hinne, swimme ûnder inoar troch, de Lagune strielt ús flanken, docht ús hier útwaaierjen as de tentakels fan in see-anemoan. De tiid ferdwynt.
It liket in ivichheid letter as wy ôfmêde neist inoar op ’e rêch driuwe. Yn it easten ferskine sêftrôze en -oranje seilen oan ’e kime. Op dat stuit brekt der deun foar ús fuotten wat troch it wetteroerflak hinne. Sûnder eachlapke ferjit ik soms dat ik mei mar ien each sjoch. Is dat iene each miskien ûngemurken ek al sa bot minder wurden dat ik hallusinatoire bylden foar de wurklikheid begjin oan te sjen? Mar nee: it bart opnij en opnij, en as ik fansiden nei Pier sjoch, fernim ik oan syn gesichtsútdrukking dat hy it ek sjocht. Kear op kear springt der in grutte, reinbôgekleurige fisk op út ’e weagen, wintelt him yn it noch skrutene sinneljocht, lit skobben glânzgje, kleuren opljochtsje, en falt dan werom yn it wetter, om efkes letter opnij te ferskinen.
‘Sjoch, Pier,’ flústerje ik, ‘in aprilfisk.’[2]
Hy knikt, sprakeleas.
[1] R.E.M., Nightswimming (Official Music Video) [British Version], rieplachte op 2-2-2022 fia https://youtu.be/ahJ6Kh8klM4
[2] Yn Italië hjit in aprilgrap pesce d’aprile, nei de papieren fisk mei in grappige tekst dy’t minsken dan by inoar op ’e rêch plakke. [Van Dale: aprilvis (de (m.)) (Belg. N., niet alg.) aprilgrap • leenvertaling van Fr. poisson d’avril.]