Il mondo reverso - sêne 14

Wy hawwe ôfpraat yn de lobby fan it hotel dêr’t Pier al in keamer hie.

Wûnder boppe wûnder – mei karnaval binne alle hotels fan Venetië en wide omkriten meastal folslein folboekt – koe ik ek noch in keamer krije. Okee, earder in soarte fan biezemkast, mar yn alle gefallen mei in bêd, wc en dûs deryn. Ik wie it wier fan plan, om tegearre mei Pier de keynote te fersoargjen hjoed. It is dochs ûntinkber dat al dy minsken fan de Special Interest Group Language-based Artistic Research ek mar yn de fierste fierte in byld krije fan wat wy oant no ta dien hawwe, as wy net tegearre ferslach útbringe? Sûnder my hat Pier amper ynhâld, allinnich wat behoarlik oerflakkich boarneûndersyk, dat is ’t wol sa’n bytsje. En op Baukje hoecht er ek net te rekkenjen. Ik haw al meardere kearen besocht om har te pakken te krijen, om út te lizzen wêrom’t ik har fuortdrukt haw justerjûn, mar se nimt net op, reagearret net op appkes, neat.

Mar goed, ik waard dus wekker mei yn ’e holle in boufakker dy’t dwaande wie de binnenkant fan myn skedel tusken krún en wynbrauwen mei in foarhammer te bewurkjen. En sa gau’t ik besocht om oerein te kommen, moast ik drave om de wc te heljen. In gielige drab kletste yn ’e wytporsleinen klosetpot. Gnocchi? Prosecco? Komby? Doe’t myn knibbels begûnen te kreakjen op de hurde tegelflier, liet ik my achteroer sakje, foar de wissichheid yn ’e buert fan de klosetpot bliuwend. Hoe lang sil ik dêr sa sitten ha? Ien oere? Twa oeren? Hoe dan ek: te lang om op ’e tiid te wêzen, al wie it allinnich mar om nei Pier syn keynote te harkjen. Mei de rêch tsjin de dûswand liet ik de tiid stadich ferdwine. Yn in soarte fan healdream stiene ferskate fan de sênes en dialogen fan de ôfrûne nacht op repeat.[1] Dizze bygelyks:

Baetens:     As yn ’e literatuer de foarm weifalt, falt ek de fraach wei.

Ik:               Jildt dan ek it omkearde? As yn ’e literatuer de fraach weifalt, falt ek de foarm wei? Miskien moatte we dan benammen in hiel soad fragen stelle, om nije foarmen te finen? De fraach liedt ta de foarm? De fraach brekt de foarm iepen? De fraach fynt de foarm?

Webb:        De fraach is it strukturearjende middel; en dy goed krije stiet sintraal yn it ûndersyksprojekt.         

Ik hear mysels laitsjen, skatterlaitsjen sels.

 

Boarnen

Baetens, J. (2003). Waarom blijven schrijvers schrijven? De witte raaf, editie 106, november-december 2003. Geraadpleegd op 2-2-2022 van https://www.dewitteraaf.be/editie/70/

Webb, J. (2015). Researching Creative Writing. United Kingdom, z.p.: Frontinus Press.

[1] Fatboy Slim & Riva Starr Ft. Beardyman, Eat, sleep, rave, repeat (Lyric Video). Rieplachte op 17-3-2022 fia https://youtu.be/wBoRkg5-Ieg