Il mondo reverso - sêne 15

Rasker:       Ut pedagogysk perspektyf wei haw ik hieltyd mear oanstriid om dy iepeningsset, de ûndersyksfraach, oer board te kiperjen en studinten earst mar ris fry skriuwe te litten oer wat harren besielet. It sykjen nei de fraach kostet relatyf in soad tiid en tinkkrêft, en as ynstrumint fan ôfbeakening is it earder taalspul as helpmiddel.

Zijlstra:      Dit kin net hear, dy útspraak komt út in mail fan 9 oktober 2021 om 11:40 oere, in boarne dy’t neat te sykjen hat yn de referinsjelist fan Als schrijven de kunst is, noch minder te trasearjen as de rest, der binne grinzen …

Ik:               Net seure. Wy binne grinsgongers. Grinzen opsykje, grinzen oergean, it folhâlde yn it grinsgebiet, dát is ús taak as wy in tuskentaal fine wolle.

Webb:        It is belangryk net te rigide of dogmatysk fêst te hâlden oan de oarspronklike ûndersyksfraach, mar om earder reflektearjend en reflektyf fierder te gean en te  befêstigjen dat de fraach ûndersocht wurde kin, relevant en fokust is, en dat it dúdlik liedt ta in ûntwerp en oanpak.

Christophe: Dêr wêr’t wy earder seagen dat in stim altyd yn twa stridende stimmen útinoar falt, sjogge wy faak in tsjinstim ûntstean dy’t fêste struktuer, betsjutting en planning oantaast. Sa sjogge wy yn it skriuwproses bygelyks in stim yn ús dy’t strukturearje wol neist ien dy’t de struktuer ferneatigje wol.

Dat begrypst dochs wol, hin? Dat ik noait alles opskriuwe kin wat der yn sa’n nacht bard, dien en sein is? It wie úteinlik al hast ljocht doe’t wy it toaniel ferlieten. Dus dat it altyd in seleksje is, in spul mei de tiid, ferteltiid en fertelde tiid? Al dy minsken dy’t trochinoar hinne sieten te keakeljen, dat giet net hin, yn in ferhaal? En dan ek noch de helte fan ’e tiid allegear yn harren memmetaal, sa besopen at se wienen. Miskien hie ik wat dúdliker wêze moatten oer dy Babyloanyske spraakbetizing. Ynienen komt my wer yn ’t sin dat by in online gathering fan de groep Language-based Artistic Research ien – wa ek alwer – sei: ‘So interesting, al this foreign languages’, wêrop in oar – wa ek alwer – reagearre: ‘For most of us English is the foreign language’. Hoe dan ek, foar de skripsje doetiids like Ingelsk my foar de karnavalskonversaasje it bêste, yn ferbân mei de verisimilitude, yn stee fan it oarspronklike Frysk dêr’t it ferhaal yn konsipiearre wie, mar no’t it net mear as skripsje ynlevere hoecht te wurden, haw ik it dochs mar wer oerset, of leaver weromset, nei it Frysk. Mar ja, yn feite hie Frânsk ek wol kind, of Dútsk, Bulgaarsk, Nederlânsk … Taal, dat is it grutte probleem fan skriuwen as artistyk ûndersyk yn in globalisearre wrâld. Dêr helpt gjin tuskentaal oan, of just wol?

Doe’t ik einlik by steat wie my werom te slepen nei it bêd, foel myn each op de telefoan dy’t op it beskieden nachtkastke lei. It skerm ljochte op sa gau’t ik him oppakte. Appkes, appkes, tsientallen appkes, fan Pier en fan Baukje. Ik stoppe it ding ûnder myn kessen, gie opkrolle ûnder it dekbêd lizzen en besocht sa rêstich mooglik te sykheljen: yn – út – yn – út, oant de knoop yn ’e mage in bytsje sêfter begûn oan te fielen: knoop – rood –

 

Boarnen

Webb, J. (2015). Researching Creative Writing. United Kingdom, z.p.: Frontinus Press.

Christophe, Nirav (2018), Tienduizend idioten, Poëtica, schrijfproces en pedagogie van het hybride theaterschrijven vanuit Bakhtins ‘Meerstemmigheid’. Utrecht: Hogeschool voor de Kunsten Utrecht.