Wilens giet de dûns op tafel gewoan troch …
Kristeva: Sokratyske wierheid is it produkt fan in dialogyske relaasje tusken sprekkers; it is korrelasjoneel en it relativisme derfan docht bliken út de autonome stânpunten fan de waarnimmers. Dy keunst is der ien fan artikulaasje fan fantasy, korrelaasje fan tekens. Twa typyske (styl)middels om dat linguistyske netwurk/taalnetwurk te aktivearjen binne syncrisis (ferskate diskoersen oer itselde ûnderwerp mei-inoar konfrontearje/it fergelykjen fan tsjinoerstelden) en anacrusis (it iene wurd hellet it oare út). De subjekten fan in diskoers binne net-persoanen, anonimen, ferburgen troch it diskoers dêr’t se troch foarme binne/út besteane. Bakhtin bringt ús yn ’t sin dat it ‘barren’ fan de Sokratyske dialooch it wêzen is fan diskoers: in befreegjen en hifkjen fan in definysje troch te praten.
Cixous: Skriuw dysels! Dyn liif moat heard wurde!
… tagelyk mei it petear oan tafel. Minsken begjinne no sels mei syn twaën tagelyk te praten, unysono, dat wol.
Coumans &
Schuffelers: Lineêr tinken is it resultaat fan ús alfabetyske taal dy’t ús twingt alles achter inoar te setten yn in logyske folchoarder. Yn bylden, fan de oare kant, is der in lyktidige, lossere en beweechlikere oanwêzigens fan alle eleminten yn ’e romte. In oare represintaasje fan dingen hat plak yn romtlik tinken. De parten wurde neist inoar set yn stee fan achter inoar. In romtlike represintaasje fan dingen makket mear-perspektivistysk of dialogysk tinken mooglik.
Webb: Mar hoe sit it dan mei Deleuze en Guattari? Harren foarkars-opsje wat tinken en kennis oangiet is wat sy it ‘radical-system-book’, it radikale-systeem-boek neame, dat wurket neffens de metafoar fan in ‘rizoom’, in woartelstôk. Dat foarkomt lineariteit en ôfsluting, it erkent dat betsjuttingen harren fermannichfâldigje, werkent dat it libben komplisearre en mearsidich is, en akseptearret dus dat tinklinen en skriuwstruktueren net in lineêr, ferwachte patroan hoege te folgjen.
Kristeva: (wilens gewoan troch dûnsjend)
De scene fan it karnaval, dêr’t gjin poadium is, gjin ‘teater’,
is sadwaande sawol poadium as libben, spul as dream, diskoers as spektakel.
Cixous: Skriuw dysels! Dyn liif moat heard wurde!
Kristeva: Op deselde wize wurdt it oanbean as de iennichste romte wêryn’t
taal ûntsnapt oan lineariteit om as drama yn trije diminsjes te libjen.
Cixous: Skriuw dysels! Dyn liif moat heard wurde!
Kristeva: Op in djipper nivo betsjut dat ek it tsjindiel:
drama wurdt lokalisearre yn taal.
Hieltyd nije minsken minge harren no yn it petear. De holle dûzelet my. Sa ûnopfallend mooglik sjoch ik om my hinne oft ik Pier ek ergens sjoch. Hy hinget net mear oan de kroanljochter, mar wêr’t er wol úthinget: gjin idee. Ik soe oars wol wat help brûke kinne.
Boarnen:
Cixous, H. (1976). The laugh of the Medusa. Signs: Journal of Women in Culture and Society, 1(4), pp. 875-893, University of Chicago. Geraadpleegd op 18-9-2021 van https://www.jstor.org/stable/3173239.
Coumans, A. & Schuffelers, I. (2017). De relevantie van artistiek onderzoek, in: Science Guide. Geraadpleegd op 9-10-2021 van https://www.scienceguide.nl/2017/06/de-relevantie-van-artistiek-onderzoek/
Kristeva, J. (1966). Word, Dialogue and Novel. New York: Columbia University Press.
Webb, J. (2015). Researching Creative Writing. United Kingdom, z.p.: Frontinus Press.