Sorry, ik dwaalde ôf. Mar ach, wy hawwe alle tiid: ferteltiid, fertelde tiid, knoffeltiid, eksperimintearromte. As der samar in dei ferdwine kin, dan kin der wol mear ferdwine. Wat is tiid? Relatyf.
Lykas sein: Wy hawwe ôfpraat yn de lobby fan it hotel dêr’t Pier al in keamer hie. Deastil sitten bliuwe en steech nei de hannen yn myn skoat stoarje is it iennichse dat ik betinke kin om te besykjen de krekt foarsichtich nei binnen wurke tee mei toast deryn te hâlden. It swit brekt my út. Lucht, bûtenlucht haw ik nedich. Om yn te skatten oft ik it tal stappen oant de bûtendoar helje kin sûnder oer de nekke te gean, sjoch ik op.
Krekt op dat stuit komt Pier troch de skodoarren de lobby yn, op bleate fuotten en dweiltrochwiet yn syn kreaze pak. Hy sleept in lange, reade koarde achter him oan {Nee! Oars komt der noait in ein oan dit ferhaal!} en lit in spoar fan wetterplassen achter op de moarmeren flier, wat him in iiskâlde blik fan de resepsjoniste opleveret.
Yn earste ynstânsje sjocht er my net, en foar it earst sjoch ik him, gewoan, as minske. Ik wol him roppe, mar ynienen wurd ik oerfallen troch ferlegenheid. Rimpen lûk ik my werom achter in potpalm.