Nei 5 moanne lang alle wiken in sêne fan Il mondo reverso publisearre te hawwen, kinne wy konkludearje dat it eksperimint ‘Hoe ûnsichtber kinst wêze?’ sûnder mear slagge is (sjoch it Yntro).
Mei likernôch 1 besiker yn ’e 3 wike doarre wy it wol in sukses te neamen, al hie 0 besikers fansels noch better west. Wat ús oangiet hoege wy it dêr dan fierders ek net oer te hawwen, it resultaat sprekt foar himsels.
Wol hawwe wy noch, lykas tasein yn it Yntro, in ynventarisaasje makke fan wat der ferlern gien is yn de transformaasje fan in skripsje yn de foarm fan in papieren omkearboek nei in online feuilleton fan heechút de helte fan it ferhaal. Mei dy list slute wy dit blog ôf.
List mei Ferliezen
Wat der allegear ferlern gien is yn de transysje fan papieren nei digitale publikaasje:
- It spul mei de fuotnoaten: 42 yn Als schrijven de kunst is, ferwizend nei ‘it antwurd op alles’ út Douglas Adam’s The hitchhiker’s guide to the galaxy, en 11 yn Il mondo reverso, in getal mei in soad symboalyske betsjuttingen, ûnder mear as krêft dy’t dingen ‘ûnderstboppen’ keare kin ten geunste fan mear lykweardigens, fandêr ek as dwazengetal of gekkengetal – yn it Nederlânsk beide wurden fan 11 letters, yn it Frysk spitigernôch net – keppele oan karnaval, en fandêr bygelyks ek wer de 11 PowerPoint-dia’s fan Pytrik yn (oarspronklik) Als schrijven de kunst is (echt folslein tafallich ek it tal dia’s fan de fuortgongspresintaasje dy’t Baukje Zijlstra yn jannewaris 2022 foar de master Keunstedukaasje fersoarge hat).
- It spul mei knoop – rood – koord en de reade koarde mei de knopen deryn, dy’t troch de folsleine skripsje rint.
- It spul mei Gat in het ijs/Wak in de tijd: de mooglikheid dwers troch it boek hinne (sawol figuerlik as letterlik) mei romte en tiid te boartsjen, dus ek troch it boek daadwerklik om te kearen en yn it oare part fierder te lêzen.
- De fysike sensaasje fan it yn hannen hawwe fan it (omkear)boek, en wat dat docht mei (de folchoarder fan) it lêzen.
- De wikselwurking tusken de teksten yn Il mondo reverso en Als schrijven de kunst is: dat is sa wêzentlik, dêr giet it úteinlik om. Alle no missende dwersferbannen soargen derfoar dat it gehiel mear wie as de som fan de dielen.
- De oersettingen fan Frysk yn it iene nei Nederlânsk yn it oare part en vice versa. (Mar it soe fansels maklik te realisearjen wêze de folsleine tekst yn beide – of sels mear as twa – talen op de webside te setten. Boppedat is it wilens wierskynlik al mooglik om alles fia AI sels streekrjocht yn de eigen taal om te setten, dêr hawwe wy ús yn dit gefal noch net mei dwaande holden).
Mar wat of leaver wa’t hjir foaral mist is Pier Landman. Fansels, hy hat ek in rol yn dit ferhaal, en sûnder him soe de dialooch tusken de wittenskippers der überhaupt net west wêze, mar likemin as Pier syn ferhaal kompleet is sûnder mines, is dat oarsom it gefal. Dêrom hoopje wy dat er oait nochris in essay skriuwe wol, om ta in synteze fan it gehiel te kommen. Hoe lang oft dat ek duorje mei: wy hawwe geduld. Slow reading & slow writing slute perfekt oan by de konsepten ‘stunteltiid’ en ‘eksperimintearromte’, dy’t neffens ús in belangryk ûnderdiel wêze moatte soene fan skriuwen as artistyk ûndersyk. Yn ’e tuskentiid sjogge wy jim (ja, dy ek, 1 fan ús 7 lêzers!) graach werom yn it grinsgebiet. Abraçades!